Serafim-Divejevo-kleaster

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Serafim-Divejevo-kleaster

Серафи́мо-Диве́евский монасты́рь

Holy Trinity Church (Diveyevo).jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
Oblast Flag of Nizhny Novgorod Region.svg Oblast Nizjny Novgorod
plak Divejevo
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 1780
oare ynformaasje
webside diveevo.nne.ru

It Serafim-Divejevo-kleaster, offisjeel it Kleaster fan de Hillige Trije-ienheid fan Serafim (Russysk: Свято-Троицкий Серафимо-Дивеевский Монастырь) is in otterdoksk nonnenkleaster yn Divejevo, in doarp by de stêd Russyske stêd Sarov (oblast Nizjny Novgorod).

De stiftster fan it kleaster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aleksandra Divejevskaj

Aleksandra (Agafia Melgunov) wie de frou fan in rike lânbesitter út Rjazan. Nei't har man al op jonge leeftyd ferstoar waard hja non ûnder de namme Aleksandra yn it Florivskykleaster te Kiëv. Dêr krige hja in fisioen fan de Mem fan God. De ferskining hiet har nei it Russyske noarden te tsjen om dêr in kleaster te bouwen. Aleksandra gyng op reis en yn de omkriten fan de stêd Sarov naam hja it beslút om yn it doarp Divejevo út te rêsten. Dêr krige Aleksandra op'e nij in fizioen fan de Mem Gods mei it boadskip dat dit it plak wie dêr't it kleaster boud wurde moast. Alexandra ferkocht dêrnei al har besit en de opbringst brûkte hja om tsjerken te bouwen, wêrûnder ek de belangrykste tsjerke fan it al besteande kleaster fan Sarov. Neffens tsjûgen út dy tiid stie hja bekend as belêzen, hja wie op de hichte mei de kanonike rjocht fan de Tsjerke en tsjinstber oan oaren.

De ûntwikkeling fan it kleaster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aleksandra fêstige har mei in pear oare nonnen op it plak dat de Mem fan God oanwiisd hie. Tusken 1773 en 1780 begûnen hja mei de bou fan de earste tsjerke fan it kleaster, dy't oan it Ikoan fan de Mem fan God fan Kazan wijd waard. Yn it jier 1789 waard de doe noch jonge heremyt Serafim fan Sarov starets fan it kleaster. Yn itselde jier ferstoar Aleksandra. Hja waard troch Anastasia Kirillovna ferfongen en nei de dea fan har waard it bestjoer fan de mienskip oernommen troch Ksenija Michajlovna. Hja bleau 43 jier yn it amt.

De âldste tsjerke fan it leaster (Kazantsjerke)

Mei de segen fan Serafim fan Sarov waard der yn 1826 in oare mienskip yn Divejevo oprjochte, de susters fan Kazan. Wylst de besteande nonnemienskip bestie út âldere froulju en widdo's wie dit in mienskip fan jonge fammen. Om yn harren ûnderhâld te foarsjen waard der lân beskikber steld en by in boarne in mûne boud. Dizze boarne waard letter ferneamd nei Serafim. Under de lieding fan Elena Manturova waarden der by de Kazantsjerke nije tsjerken boud, de Tsjerke fan de Berte fan Kristus (1829) en de Tsjerke fan de Berte fan de Mem Gods (1830).

De beide mienskippen út 1760 en 1826 waarden yn 1842 byinoar foege. Under lieding fan Marija Oesjakov naam it tal nonnen nu hurd ta. De grutte Katedraal fan de Trije-ienheid mei de klokketoer waard yn de jierren 1865-1875 boud en tusken 1907 en 1916 waard der wurke oan de bou fan de neo-Byzantynske Katedraal fan de Transfiguraasje fan de Hear.

It kleaster yn de Sovjet-tiid en dêrnei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de Oktoberrevolúsje mochten de nonnen ynearsten yn it kleaster bliuwe, lykwols yn 1927 waard it kleaster sletten. Ferskate nonnen fûnen plak yn it Kleaster fan de Ferkundiging te Murom, dêr't ek nonnen út oare kleasters nei útwykten. De reliken fan de hillige Serafim waard út it kleaster weihelle om útstald te wurden yn in "Museum fan it Ateïsme". Dêrnei ferdwûnen de reliken foar in lange tiid. De Kazantsjerke waard yn 1937 sletten. Fersiken yn 1947 en 1951 om it kleaster op'e nij te iepenjen waarden net honorearre. Yn 1950 waarden de klokketoer en de koepels fan de Kazantsjerke ferwoastge.

Fan 1988 ôf fûn it monastike libben wer in stadich begjin yn Divejevo. De Trije-ienheidkatedraal waard yn oktober 1989 oan de Tsjerke oerdroegen. Yn'e maaitiid fan 1990 fûn yn oanwêzigens fan aartsbiskop Nikolaas foar de twadde kear de konsekraasje fan de Trije-ienheidkatedraal plak. De Hillige Synoade fan de Russysk-Otterdokske Tsjerke naam op 21 july 1991 it beslút om it hiele kleaster wer te iepenjen. In pear dagen letter kamen de reliken fan Serafim fan Sarov, wêrfan't men toch dat se ferlern gien wiene mar dy't men yn de Kazantsjerke fan Sint-Petersburch op'e nij ûntdiek (yn de Sovjet-tiid tsjinne dy tsjerke as Museum foar it Ateïsme), werom nei it kleaster. It âldste gebou fan it kompleks, de Kazantsjerke, krige yn 1995 in plak op de federale monumintenlist.

Yn it jier 2000 waard de stiftster fan it kleaster, Aleksandra (Agafia Melgunov), en twa oare nonnen dy't libben yn Divejevo, Marija Miljoekova en Elena Mantoerova, as lokaal fereare hilligen hillich ferklearre. Yn 2003, yn it ramt fan it 100 jierrich jubileum fan de hilligferklearring fan Serafim fan Sarov, besochten patriarch Aleksius II en syn lettere opfolger Kyrill it kleaster. Sûnt 1989 waarden de tsjerken fan it kleaster restaurearre en op'e nij yn gebrûk nommen.

Yn 2012 waard yn it eastlike diel fan it kompleks begûn mei de bou fan in tredde, folslein nije katedraal, dy't oan de annunsiaasje wijd waard.

Bouwurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Katedraal fan de Trije-ienheid (1848-1875)
  • Katedraal fan de Transfiguraasje (1907-1916)
  • Katedraal fan de Ferkundiging fan de Hear (2012-2015)
  • Tsjerke fan Us Leaffrou fan Kazan (1773-1780)
  • Refektoarium mei de oanslutende Aleksander-Nevskytsjerke

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]