Kleaster fan Sarov

Ut Wikipedy
Kleaster fan Sarov

Свято-Успенская Саровская пустынь

bouwurk
Kleastermuorre mei de Zosima en Sabbatiustsjerke
Kleastermuorre mei de Zosima en Sabbatiustsjerke
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
Oblast Flag of Nizhny Novgorod Region.svg Nizjni Novgorod
plak Coat of Arms of Sarov (Nizhny Novgorod oblast).svg Sarov
adres Prospekt Mira 31
koördinaten 54° 55' N 43° 19' E
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 18e iuw-20e iuw
weropbouprojekten 21e iuw
monumintale status Monumint stêdebou en arsjitektuer
monumintnûmer 5210180000
offisjele webside
sarov-monastery

It Kleaster fan Sarov (Russysk: Свято-Успенская Саровская пустынь; Kleaster fan de Himelfeart fan de Faam Marije) is in russysk-otterdoksk kleaster yn de Russyske stêd Sarov yn de regio Nizjni Novgorod. Om't Sarov in sletten stêd is kin it kleaster net troch pylgers en toeristen besocht wurde.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oersjoch begjin 20e iuw

Yn 1664 socht de otterdokske muonts Teodosius it plak út om him op de heuvel fan Sarov nei wenjen te setten. In kleaster foar muontsen waard oprjochte troch Ivan Fedorovitsj Popov. As oprjochtingsdatum jildt de wijing fan de earste tsjerke op 16 juny 1706. De hearremyt en aseet Serafim fan Sarov, ien fan de meast ferearde hilligen yn de Russysk-Otterdokse Tsjerke, wenne fan 1778 oant 1833 yn Sarov.

Yn 1903 besocht tsaar Nikolaas II en oare leden fan de keninklike famylje it kleaster. Doe hie it kleaster njoggen tsjerken en likernôch 320 muontsen bewennen it kleaster.

Ofskaffing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bolsjewiken lieten it kleaster yn 1925 slute. Foar de muontsen briek in tiid fan ûnderdrukking oan en mannichien waard fermoarde. Yn de Twadde Wrâldkriich waarden de kleastergebouwen brûkt as fabriken foar de produksje fan lansearynstallaasjes foar de BM-13 Katûsja raket.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard de Zosima en Sabbatiustsjerke ôfbrutsen. De Serafim fan Sarovtsjerke waard yn 1949 yn gebrûk nommen as téater. De barokke Untsliepeniskatedraal wie yn de Sovjet-tiid yn gebrûk as garaazje, mar waard yn 1951 ôfbrutsen. De Katedraal fan de Ikoan fan de libbenjaande Maityd krige ferskillende funksjes, mar waard yn de jierren 1953-1954 opblaasd. De klokketoer die oant 2012 noch tsjinst as tillefyzjetoer. Oer it kleasterterrein waard yn de Sovjet-tiid in strjitwei oanlein. Fan de njoggen kleastertsjerken waarden der lang om let yn de Sovjet-tiid sân ferneatige.

De yn de Sovjet-tiid ôfbrutsen Mem Gods-katedraal (lofts) en Untsliepeniskatedraal (rjochts)

Weriepening[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1992 waard it eigendom fan de gebouwen stadichoan werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. Yn 2006 naam de Hillige Synoade it beslut om it monastike libben yn Sarov nij libben yn te blazen. Sûnt waard it kleasterkompleks renovearre en rekonstruearre.

Mei de weropbou fan de yn de Sovjet-tiid ôfbrutsen katedralen waard yn 2016 útein set. Yntusken is de Untsliepeniskatedraal yn 2019 foltôge, wylst de weropbou fan de Mem Gods-katedraal yn útfiering is 2022.

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Untsliepeniskatedraal (1777, yn de Sovjettiid ôfbrutsen, werboud)
  • Katedraal fan de ikoan fan de Mem Gods 'Libbenjaande Maaitiid' (1864, weropbou yn útfiering)
  • Grottsjerke fan Antonius en Teodosius
  • Serafim fan Sarovtsjerke (1897-1903, restaurearre)
  • Poartetsjerke fan Sint-Nikolaas
  • Tsjerke fan de Unthalzing fan Jehannes de Doper mei de benedentsjerke fan de profeet Elía (1827, restaurearre)
  • Transfiguraasjetsjerke mei de oan de muontsen Zosima en Sabbatius fan Solovetski wijde benedentsjerke (1784, restaurearre)
  • Alderheljentsjerke (restaurearre)
  • Hillige Geasttsjerke

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Свято-Успенская Саровская пустынь