Ferkundigingskleaster (Moerom)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Ferkundigingskleaster

Благовещ́eнский монасты́рь

Благовещенский мужской монастырь Муром 4.JPG
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Flag of Vladimir Oblast.jpg Vladimir
plak Flag of Murom (Vladimirskaya oblast).png Moerom
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 1553

It Ferkundigingskleaster (Russysk: Благовещ́eнский монасты́рь; Blagovesjtsjenski Monasteryr) is in otterdoks kleaster foar manlju yn de stêd Moerom, Ruslân. It kleaster is wijd oan it feest fan de Ferkundiging fan de ingel Gabriel oan de jongfaam Marije dat hja útkeazen wie om berte te jaan oan de soan fan God.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Us-Leaffrou fan Moerom

It kleaster waard boud op it plak fan in oan de ferkundiging wijde houten tsjerke, wêrfan't de bou neffens de tradysje taskreaun wurdt oan de hillige prins Konstantyn († 1205). Neffens de oerlevering bleaune de bewenners fan Moerom noch lang yn heidenske natoergoaden leauwen. Doe't prins Konstantyn dêr oer hearde woed er de bewenners ta it kristendom bringe, dêrby holpen troch syn twa soannen Michael en Fedor. Mar de heidenen fan Moerom woene dêr net oan en fermoarden doe de jongste soan Michael. Doe't Konstantyn dat hearde gyng er nei de dieders mei it ikoan fan de Mem Gods, dat in wûndere útstrieling op de heidenen. Hja krigen spyt fan harren misdied; bekearden har ta it kristlike leauwe en lieten har dope yn it wetter fan it mar fan Kstovo, tichteby de stêd.

It kleaster waard yn 1553 stifte troch Ivan de Ferskriklike, dy't yn Moerom wie yn it ramt fan in reis nei Kazan in jier earder. Yn 1616 waard it plondere en fernield troch de Poalen, mar yn de rin fan de 17e iuw krige it monastike libben wer stadichoan foarm yn de restaurearre ruïnes.

De keapman Taras Borisovitsj Tsvetnov liet de katedraal yn 1664 op syn kosten renovearje en in klok yn de toer oanbringe. Op de kleastergrûn waard yn 1791 in lyts otterdoks seminaarje boud. It kleaster waard yn 1792 troffen troch in brân, mar de stiennen gebouwen oerlibben de brân. It lytse seminaarje ferhûze nei in plak wat mear fansiden en waard yn 1800 sletten.

Sovjet-Uny[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1919 waard it kleaster sletten, mar de muontsen setten harren nei wenjen yn Moerom en bleaune de tsjinsten yn de kleasterkatedraal fieren. Op 22 maaie 1923 waard de skryn fan Sint-Konstantyn, Sint Michail en Sint-Feodor iepene om in publike autopsy út te fieren. Nei de ûntwijing fan de skryn waarden de reliken oerbrocht nei it museum fan Moerom om útstald te wurden, dêr't se oant 1989 bleane. De katedraal waard yn 1940 sletten, mar twa jier wer letter as parochytsjerke iepene. De katedraal soe oant 1991 de iennige funksjonearjende tsjerke fan Moerom bliuwe.

Yn 1945-1946 wurke de preestermuonts Pimen yn it kleaster, dy't fan 1971 oant syn dea yn 1990 patriarch fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke wurde soe.

De Hillige Synoade fan de ROT naam yn septimber 1991 it beslút om it kleaster nij libben yn te blazen.

Yn de krypte fan de katedraal rêste de oerbliuwsels fan Sint Basilius fan Moerom en de 17e-iuwske askeet Iûliana. De skryn mei de trije hilligen waard nei it ferbliuw yn it museum fan Moerom oan 1991 werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: