Schwabenheim an der Selz
Schwabenheim an der Selz | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Mainz-Bingen | |
ferbânsgemeente | Gau-Algesheim | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.589 (2022)[1] | |
Oerflak | 9,49 km² | |
Hichte | 140 meter boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 55270 | |
Koördinaten | 49° 55' N 8° 5' E | |
Offisjele webside | ||
schwabenheim.com | ||
Kaart | ||
Schwabenheim an der Selz is in wyndoarp yn 'e lânkring Mainz-Bingen yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Schwabenheim an der Selz is mei de stêd Gau-Algesheim ien fan 'e sân Ortsgemeinden fan 'e ferbânsgemeente Gau-Algesheim.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Schwabenheim leit net fier fan 'e eastlike igge fan 'e Selz op 'e helling fan 'e 249,1 m hege Mainzer berch. It doarp leit himelsbreed goed 15 km súdwest fan it sintrum fan Mainz.
By Schwabenheim hearre ek de delsettings Ferdinandhof en Nature Life Ranch en twa saneamde Aussiedlerhöfe (pleatsen bûten it doarp).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens argeologyske fynsten waard it doarpsgebiet al om 600 f.Kr. bewenne. Ek is it dúdlik dat der Romeinske bewenning west hat.
Under it bewâld fan 'e karfoarsten fan 'e Palts waard yn 1556 de reformaasje ek yn Schwabenheim ynfierd. Dêrnei wiksele Schwabenheim tusken de lutherske, grifformearde en de katolike lear mar leafst njoggen kear fan leauwe. Yn 1705 waard it doarp yn it ramt fan 'e grutte Paltske tsjerkedieling lang om let yn 'e grifformearde en katolike tsjerke opdield.
Sûnt de 16e iuw bestie der ek in joadske mienskip yn Schwabenheim, dy't in synagoge hie oan 'e Bachstraße 4 en by de opheffing fan 'e mienskip yn 1921 ferkocht waard.
Nei de komst fan de Frânsen yn 1792 waard yn 1796 Schwabenheim foar in twadde kear troch de Frânsen beset en yn 'e brân stutsen. Tusken 1798 en 1814 hearde Schwabenheim mei de rest fan 'e lofter kant fan 'e Ryn by it Napoleontyske ryk. Yn dy tiid waard ek in earste fabryk yn Schwabenheim boud, in sûkerfabryk.
Yn 1904 waard Schwabenheim op it spoar oansletten, dat yn 1955 opheft waard.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Katolike Bartoloméustsjerke.
-
Protestantske tsjerke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|