Schulpengat (skip út 1990)
Schulpengat | ||
algemiene ynformaasje | ||
flagge | Nederlân | |
thúshaven | Teksel | |
eigner | TESO | |
skiednis | ||
werf | Verolme Skipswerf, Heusden | |
kyllizzing | 27 juli 1989 | |
tewetterlitting | 28 juli 1990 | |
oplevere | 18 december 1990 | |
yn de feart | 18 febrewaris 1991 | |
út tsjinst | 2017 | |
status | Sloopt (2018) | |
bysûnderheden en sifers | ||
type | Fearboat | |
subtype | RoRo | |
lingte | 110,4 | |
breedte | 18,7 m. | |
djipgong | 4 m. | |
passazjiers | 1350 | |
oandriuwing | 3 x 6cyl Diesel Caterpillar, dieselelectrisch 4 x 1250 kW | |
maks. faasje | 13,6 knopen (24 km/o) |
De Schulpengat wie in fearboat fan de TESO dy't in regelmjittige feartsjinst tusken De Helder en Teksel ûnderhâlde. It skip ferfong de Marsdiep en de Texelstroom dy't beide ferkocht waarden. De Schulpengat die fan 1991 oant en mei 2005 de haadtsjinstregeling. De Schulpengat is ferneamd nei it Schulpengat, de fargeul mei deselde namme dy't tusken Noarderheaks en Teksel leit.
Nei de komst fan de Molengat yn 1980 waarden pas yn 1986 de dûbele brêgen yn de havens yn gebrûk naam. Dat betsjutte in grut sukses foar TESO yn de striid tsjin de lange wachttiden foar de feartsjinst. Mei de ynset fan de reserveskippen Marsdiep en Texelstroom wie TESO lykwols noch altyd oanwiisd op skippen mei mar ien autodek. Yn 1987 begûnen se dan ek it nijbouproses foar in twadde dûbeldeksfearboat[1]. Dêrby wie it útgongspunt 250 auto's en 1750 passazjiers ferfiere te kinnen. Om't de nije fearboat yn de besteande fûken passe moast, koe dy gruttere kapasiteit allinnich ferkrigen wurde troch in langer skip te bouwen. Uteinlik waard de fearboat 14 meter langer as de Molengat en waard de maksimale snelheid 13,6 knopen.
It skip waard boud troch de Verolme Skipswerf Heusden deselde werf dêr't tsien jier earder ek de Molengat boud waard. op 18 febrewaris 1991 kaam it skip yn tsjinst, de Molengat waard dêrrmei it reserveskip. Yn 2005 kaam de nije Dokter Wagemaker op Teksel oan. Dizze gruttere fearboat ferfong de Molengat, wêrnei't de Schulpengat it reserveskip waard. Yn de maitiid fan 2007 waard de kleurstelling fan de Schulpengat oanpast oan dy fan de nije Dokter Wagemaker. Nei de komst fan de Texelstroom yn 2015, waard de Schulpengat yn 2018 te keap set, yn jannewaris 2018 koene de eilanners noch in pear kear op 'n del mei de Schulpengat nei De Helder as ôfskied. Yn de hjerst fan 2018 waard de Schulpengat nei sloperij Galloo yn Gent brocht. Van de Schulpengat is ien fan de stjoerhutten is bewarre bleaun, dy is hjoed-de-dei te besjen op it terrein fan in jutersmuseum by De Koog. Ek in oantal fan de bankjes binne noch op Teksel oanwêzich.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|