Springe nei ynhâld

Schlosskirche (Lutherstadt Wittenberg)

Ut Wikipedy
Slottsjerke
Schlosskirche
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Saksen-Anhalt
landkreis Wittenberg
plak Lutherstadt Wittenberg
adres Schlossplatz 1
koördinaten 51°51' N 12°38' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Evangelyske Tsjerke yn Dútslân
Arsjitektuer
boujier 1490-1511
Webside
www.schlosskirche-wittenberg.de
Kaart
Schlosskirche (Saksen-Anhalt)
Schlosskirche


Lutherbetinkplakken yn Eisleben en Wittenberg
UNESCO-wrâlderfgoed
UNESCO folchnûmer 783
kritearia (iv)(vi)
ynskriuwing 1996 (20e sessye)
UNESCO-wrâlderfgoedlist

De Slottsjerke (Schlosskirche; ek Reformaasjetsjerke) is in protestanske tsjerke yn 'e Lutherstêd Wittenberg, Dútslân. It is de grutste tsjerke fan 'e stêd, dat oan 'e súdkant fuort oan it Slot Wittenberg grinzget. Sûnt 1996 is de tsjerke ûnder de namme Lutherbetinkplakken yn Eisleben en Wittenberg opnommen op 'e wrâlderfgoedlist fan UNESCO. De tsjerke kin bûten de tsjerketsjinsten tsjin in fergoeding besichtige wurde.

Mei de 88 meter hege toer is de tsjerke yn 'e fiere omkriten te sjen en tige bepalend foar it stêdsbyld. De tsjerke foarmet de westlike ein fan 'e âlde binnenstêd. De toer hat in neogoatyske helm út 1885-1892 mei dêr ûnder in bân fan mozayk mei de wurden fan Luther syn liet Ein feste Burg ist unser Gott, ein gute Wehr und Waffen (In sterke fêsting is ús God, in wâl om it kwea te kearen). De tsjerke waard ferneamd doe't op 31 oktober 1517 de yn dy tiid noch ûnbekende muonts en teologyprofessor Maarten Luther syn 95 stellings bekend makke en dêrmei de reformaasje ynlate.

It earste slot op it plak en dêrmei ek de earste Slottsjerke, in oan Alderheljen wijde kapel, waard om 1340 hinne troch de Askaanjer Rudolf I boud. De kapel waard streekrjocht ûnder Rome set. De hartoch soarge foar ynkommen foar de kapel, liet statuten opstelle en regele de oarder fan 'e earetsjinst. Dy regelingen bleaune ek ûnder lettere hearskers bestean. Yn 1415 ferhuze de kapel op 'e souder fan de hjoeddeiske tsjerke nei in ljochter plak om dêr in grutter tal minsken bergje te kinnen.

De hjoeddeiske tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke yn 'e 16e iuw.

Tusken 1490 en 1515 liet Freark de Wize it hiele slot op 'e nij bouwe. Sûnt foarmet de Slottsjerke de noardlike fleugel fan it nei de eastlike kant iepen trijefleugelige bouwurk. Op 17 jannewaris 1503 waard de tsjerke ynwijd. Freark de Wize kocht foar de tsjerke in grutte samling reliken oan en liet de tsjerke pronkfol ynrjochtsje. Dy reliken hiene in grutte oantrekkingskrêft op it leauwige folk en it tal beafeartsgongers naam no ek út fierdere omkriten ta. Nei de stifting fan 'e universiteit fan Wittenberg yn 1502 waard de Slottsjerke ek universiteitstsjerke. Yn 'e tsjerke promovearren studinten, Philipp Melanchthon hold dêr syn ferneamde earste taspraak, der waarden tsjinsten fierd en hege akademyske pommeranten fan 'e universiteit waarden dêr te rêste lein. Ta oantinken fan har binne der tsjintwurdich noch in tal epitafen yn 'e muorren bewarre bleaun.

De doar fan it haadportaal wie eartiids fan hout en waard troch leden fan 'e universiteit as in soarte fan publikaasjeboerd brûkt. Maarten Luther soe dêr op 31 oktober 1517, op 'e jûn foar de patronaatsdei fan 'e Slottsjerke, syn 95 stellings oan 'e doar slein ha om dêrmei in debat oer de hannel yn ôflaten út te lokjen. Dy 95 stellings waarden de oanlieding foar de oansteande reformaasje. Oft dat werklik sa barde is net hielendal wis. Wol wis is dat Maarten Luther dy deis de stellings op skrift nei twa biskoppen en letter ek oan ferskate teologen stjoerde.

It epitaaf fan Freark de Wize bleau by de brân fan 1760 sparre.

Yn 1525 waard Freark de Wize yn 'e Slottsjerke beïerdige en noch yn itselde jier waard de lutherske earetsjinst yn 'e tsjerke ynfierd. Nei syn ferstjerren yn Eisleben waard Maarten Luther op 2 febrewaris 1546 yn 'e tsjerke begroeven en yn 1560 waard ek syn freon Philipp Melanchthon dêr te rêste lein.

Yn 'e Sânjierrige Oarloch yn 1760 baarnde de tsjerke út. It ynterieur gyng doe foar it grutste part ferlern. De tsjerke waard oant 1770 wer oars opboud en de slottoer waard yn it ramt fan 'e werbou omboud ta tsjerketoer. Benammen de toer hie yn 1814 te lijen by de Dútske striid tsjin de Frânske besetters en op 'e nij gyng it measte fan 'e ynrjochting mei weardefolle keunstwurken en reliken ferlern. Allinne de metalen monuminten bleaune bewarre, sa ek it grêfmonumint fan Freark de Wize, dat de ferneamde brûnsjitter Peter Vischer út Neurenberch yn 1527 makke.

By it Kongres fan Wenen waard Wittenberch by Prusen yndield. Nei't de universiteit fan Wittenberch yn 1817 nei Halle ferhuze, waard de Slottsjerke oan 'e nij stifte predikante-oplieding oerdroegen. Op it plak fan 'e yn 1760 ferbaarnde houten doar dêr't Luther de stellings op slein hie, liet kening Freark Willem IV in nije brûnzen doar jitte mei dêr op de tekst fan 'e 95 stellings. Op 10 novimber 1858, op de 375e jierdei fan Luther, waard de doar mei in seremoanje ynwijd.

It hjoeddeiske neogytske ynterieur fan de tsjerke.

Yn oanrin nei it 400-jierrich jubileum fan Luther syn bertedei waard ûnder lieding fan Friedrich Adler yn 1883 útein set mei in grutte ferbouwing fan 'e tsjerke yn neogoatyske styl. De restauraasje fan it "Monumint fan 'e Reformaasje" waard yn 1892 ôfsletten. By de restauraasje waard de kearn fan it ynterieur neffens histoaryske beskriuwings rekonstruearre en de helm fan 'e toer hersteld. Yn oanwêzigens fan keizer Wilhelm II waard de tsjerke op 'e reformaasjedei 1892 op 'e nij yn gebrûk nommen.

Yn it ramt fan it 500-jierrich jubileum fan Luther syn bertedei krige de Slottsjerke yn 1983 tolve nije ramen mei de portretten fan 'e trettjin wichtichste herfoarmers.

Fan 1978 oant 1992 wurke de predikant Friedrich Schorlemmer yn 'e tsjerke. Schorlemmer krige yn 'e DDR-tiid fanwegen syn symboalyske aksje fan it omsmeien fan it swurd ta in ploechizer ynternasjonale bekendheid.

De doar fan 'e stellings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Portaal mei brûnzen doar.

De âlde toer dêr't neffens de oerlevering Luther syn stellings op sloech is mei de brân yn 'e 18e iuw ferlern gien. Tsjintwurdich is op it plak fan dy houten doar oan 'e noardlike kant fan 'e tsjerke in brûnzen doar, dy't de Prusyske kening Freark Willem IV oan 'e stêd skonk. Op 'e doar is ûnder de brûnzen bylden fan muzyk meitsjende knapen de tekst fan 'e 95 stellings te lêzen. De bylden boppe de doar op 'e mei wapens dekorearre sokkels stelle karfoarst Freark de Wize en hartoch Jehan de Stânfêstige foar en binne ûntwurpen troch de bekende Dútske byldhouwer Friedrich Drake. It spitsbôgige portaal is noch oarspronklik en oan beide kanten fan 'e slútstien is noch it jiertal 1499 te lêzen. August von Kloeber skildere de krusigingssêne yn 1851 yn it fjild fan 'e bôge boppe de doar.

Oargel.

Nei de brân fan 1760 boude Johann Ephraim Hübner yn 1771 in nij oargel mei 37 registers, ferdield oer twa manualen en pedaal. Yn 1863 ferfong de oargelbouwer Friedrich Ladegast it ynstrumint mei behâld fan it barokke front, dat lykwols yn 1893 wer troch in neogoatysk ikehouten front ferfongen waard. It ynstrumint fan Ladegast hie ynearsten 39 registers, ferdield oer trije manualen en pedaal. Yn 1935 wreide Wilhelm Sauer út Frankfurt oan de Oder de disposysje út nei 50 registers en joech it ynstrumint elekropneumatyske traktueren. Hermann Eule út Bautzen rekonstruearre tusken 1985 en 1994 it oargel, foege in swelwurk ta en makke dêrby gebrûk fan in pear Sauer-registers. It ynstrumint mei likernôch 3.500 pipen hat tsjintwurdich 57 registers, ferdield oer fjouwer manualen en pedaal. De spyltraktueren binne mechanysk.

Reformaasjejubileum 2017

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei it each op it 500-jierrich jubileum fan 'e reformaasje folge yn 2017 in yngreven renovaasje fan 'e tsjerke, dy't likernôch 8,2 miljoen euro koste. Op 2 oktober 2016 krige de tsjerke fan 'e doetiidske Deenske keninginne Margarethe II in troch har ûntwurpen en makke alterdoek as jefte foar de weriepening fan 'e restaurearre Slottsjerke. Op it reade doek is in wite Lutherroas mei ljochtsjende flammen borduerd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Schlosskirche (Lutherstadt Wittenberg)