Springe nei ynhâld

Lutherbetinkplakken yn Eisleben en Wittenberg

Ut Wikipedy
Lutherbetinkplakken yn Eisleben en Wittenberg
UNESCO-wrâlderfgoed
lân flagge fan Dútslân Dútslân
plak Eisleben
Lutherstadt Wittenberg
UNESCO folchnûmer 783
kritearia (iv)(vi)
ynskriuwing 1996 (sitting 20)
gebiet 0.83 ha
buffersône 13.02 ha
UNESCO-wrâlderfgoedlist

De Lutherbetinkplakken yn Eisleben en Wittenberg yn 'e Dútske dielsteat Saksen-Anhalt foarmje sûnt 1996 wrâlderfgoed fan UNESCO. De plakken binne ferbûn mei it libben fan 'e herfoarmer Maarten Luther en syn meiwurker Philipp Melanchthon.

As autentike lokaasjes fan wichtige barrens út de reformaasje binne de betinkplakken yn Eisleben en Wittenberg fan útsûnderlike betsjutting foar it politike, kulturele en religieuze libben fan Europa mei ynfloed fier bûten de grinzen fan Dútslân. De gebouwen binne yn 'e rin fan 'e tiid ferskillende kearen restaurearre. Guon fan dy projekten hiene as doel om de gebouwen ta eare fan 'e reformaasje moaier te meitsjen, wylst oare projekten besochten de gebouwen werom te bringen yn 'e steat sa't se yn 'e tiid fan 'e herfoarmers wiene. Sa fûnen der yn 'e 19e iuw feroarings yn 'e styl fan it histoarisme plak.

It wrâlderfgoed bestiet út seis lokaasjes, wêrfan twa gebouwen yn Eisleben en fjouwer gebouwen yn Wittenberg. De twa hûzen yn Eisleben binne eigendom fan 'e gemeente, de twa hûzen yn Wittenberg fan 'e dielsteat Saksen-Anhalt en de beide tsjerken fan 'e Evangelyske Tsjerke yn Dútslân.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Luther memorials in Eisleben and Wittenberg fan Wikimedia Commons.