Springe nei ynhâld

Skelte Tsjerks Wiglema

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Schelte Tierks Wichelma)

Skelte Tsjerks Wiglema (ek: Schelte Tjerks Wiglema of Schelte Tierks Wichelma) wie in Fryske seeman dy't foar de Fryske Admiraliteit fear.

Yn de Earste Ingelske Oarloch fierde Wiglema it befel oer it skip De Frisia. Under befel fan Witte de With focht hy yn de Slach by de Haden op 8 oktober 1652 tsjin de Ingelske float. Op 10 desimber 1652 mong hy him wer yn de striid yn de Slach by de Singels, diskear ûnder Maarten Tromp.

Yn desimber 1652 blieken de kapteins Wiglema en Adriaan Brunsveldt gjin jild te hawwen om bôle te keapjen foar de bemanningen. Yn sân hasten reizge Wiglema nei De Haach om jild te krijen, mar dit waard him wegere. Uteinlik liende in Dokkummer uyt liefde ende ter eeren van 't Landt 200 gûne om bôle yn te keapjen. Folle hat Wiglema der sels net oan hân. Op 28 febrewaris 1653 kaam hy yn de Trijedeiske Seeslach om troch in eksploazje yn de krûtopslach.