Springe nei ynhâld

Hodder & Stoughton

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sceptre Books)
Hodder & Stoughton
algemien
nasjonaliteit Britsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Londen (Ingelân)
oprjochte 1868
oprjochter Matthew Henry Hodder en
Thomas Wilberforce Stoughton
eigner Lagardère Group
fuortk. út Messrs Jackson and Walford
mem Hachette UK
dochters sjoch ûnder ymprints
offisjele webside
www.hodder.co.uk

Hodder & Stoughton is in Britske útjouwerij dy't fêstige is yn Londen. It bedriuw bestiet sûnt 1868, mar ferlear yn 1993 syn selsstannichheid, en waard yn 2004 in ûnderdiel fan Hachette UK.

Yn 'e 1840-er jierren kaam Matthew Hodder as opslûpen jonge by de útjouwerij Messrs Jackson and Walford te wurkjen. Doe't er dêr yn 1861 in fennoat yn waard, krige it bedriuw de namme fan Jackson, Walford and Hodder. Jackson en Walford giene yn 1868 lykwols mei pinsjoen, en yn har plak gie Hodder doe in gearwurking oan mei Thomas Wilberforce Stoughton, sadat de firma Hodder & Stoughton ûntstie.

Messrs Jackson and Walford wie in útjouwerij fan kristlike non-fiksje, en hoewol't it bedriuw as Hodder & Stoughton sawol religieus as sekulier wurk útjoech, duorre it noch oant it begjin fan 'e tweintichste iuw foar't der ek fiksje publisearre waard. Sels doe noch waard der "morele sinsuer" tapast. Yn 1928 waard Hodder & Stoughton lykwols de eksklusive útjouwer fan 'e Britske hardcover-edysjes fan 'e rige The Saint, fan Leslie Charteris, dy't oant 1983 trochrinne soe. Fierders waard yn 'e tweintiger jierren it prestizjeuze medysk tydskrift The Lancet oernommen. Letter rjochte Hodder & Stoughton de súksesfolle ymprint Teach Yourself op, dêr't selsstúdzjeboeken oer in ferskaat oan ûnderwerpen ûnder útjûn waarden.

Under de Twadde Wrâldoarloch sette de doetiidske eigner fan 'e útjouwerij, Ralph Hodder Williams, de ymprint Brockhampton Press op om in oerskot oan teologyske boeken fan 'e hân te dwaan. De manager fan Brockhampton, Ernest Roker, hie aardichheid oan berneboeken, en wist auteur Enid Blyton oer te heljen om in rige boeken te skriuwen oer de aventoeren fan fjouwer bern en in hûn, wêrmei't yn 1942 The Famous Five berne waarden. Fan 1969 ôf kamen fierders ek de Ingelske oersettings fan 'e stripferhalen oer Asteriks en Obeliks by Brockhampton út.

Yn 'e 1970-er jierren waarden de ymprints Knight en Coronet oprjochte, wêrfan't de lêste bekendheid krige troch de útjefte fan 'e romrofte autobiografy fan akteur David Niven, The Moon's a Balloon. Oare grutte súksessen foar Hodder en Stoughton wie de útjeften fan Tinker, Tailor, Soldier, Spy fan John le Carré, yn 1974, en The Clan of the Cave Bear fan Jean M. Auel, yn 1980. Yn 1981 naam it bedriuw de New English Library oer, in Amerikaanske ymprint dy't benammen wurken op it mêd fan science fiction, fantasy, horror en misdie útjoech. De eigen ymprint Sceptre waard yn 1986 yntrodusearre om literêr wurk ûnder út te bringen.

Hodder & Stoughton ferlear yn 1993 syn selsstannichheid doe't it oernommen waard troch de Headline Publishing Group, dy't dêrnei omneamd waard ta Hodder Headline. Dat bedriuw waard yn 1999 oankocht troch W.H. Smith, wylst it yn 2002 sels de lytsere útjouwerij John Murray oernaam. Yn 2002 waard Hodder Headline troch W.H. Smith ferkocht oan 'e Frânske útjouwerij Hachette Livre, dat it bedriuw opspjalte yn twa difyzjes: Hodder & Stoughton en Hodder Education. Yn 2010 waard de lifestyle-ymprint Saltyard oprjochte, wylst it yn ûnbrûk rekke Coronet wer nij libben ynblazen waard. Yn 2011 folgen noch twa nije ymprints: Two Roads Books en Mulholland Books UK. Fierder is Hodder Faith no de liedende Britske útjouwerij op it mêd fan kristlike lekteur

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.