Sankt Goär (Lieg)

Ut Wikipedy
Sint-Goärtsjerke
bouwurk
Lieg.jpg
lokaasje
lân Flag of Germany.svg Dútslân
dielsteat Flag of Rhineland-Palatinate.svg Rynlân-Palts
landkreis DEU Landkreis Cochem-Zell COA.svg Landkreis Cochem-Zell
plak DEU Lieg COA.svg Lieg
adres Kirchstraße
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1764 (tsjerke); 1769 (toer)
offisjele webside
Side Parochymienskip Treis-Karden

De Sint-Goärtsjerke (Kirche Sankt Goar) is de roomske parochytsjerke yn Lieg yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts (Verbandsgemeinde Cochem).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hjoeddeiske tsjerke ferfong yn 1764 in oan de lokaal fereare hillige Goär wijde kapel. De bou fan de toer folge wat letter yn 1769.

Fanwegen skuorren moast yn de 19e iuw in nij ferwulft ynbrocht wurde, it ferwulft fan it koer waard restaurearre.

Yn maart 1945 waard de tsjerke by besjittings rekke op it dak. Dêrby gyngen fiif fan de oarspronklike ramen folslein ferlern. In restauraasje fan de tsjerke folge nei de kriich.

By de útfiering fan de nije liturgyke regels waard yn de jierren 1960 in nij folksalter oanlein. De preekstoel en de kommunybank oerlibben de feroarings spitigernôch net, mar it barokke haadalter en in barok sydalter bleane by de fernijings sparre.

De tsjerke krige yn 2006 in nij piipoargel mei 9 registers. It waard boud troch de firma Hardt út Weilmünster.

Yn de toer hingje trije klokken, wêrfan't de âldste út 1479 stamt. Sawol yn de Earste- as yn de Twadde Wrâldkriich waarden de twa oare klokken omraand. Nei de Twadde Wrâldkriich binne nije klokken getten, dy't troch de boargelike gemeente oan de tsjerke skonken binne.[1][2]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: