Samson Kry Naasje
Samson Kry Naasje | ||
Ingelsk | Samson Cree Nation | |
lânseigen | ᓃᐱᓰᐦᑯᐹᕽ (Nîpisîhkopâhk) | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Kanada | |
provinsje | Alberta | |
haadkertier | Maskwacis (Alberta) | |
etnisiteit | Kry (Cree) | |
ledetal | 8.100 (2015) | |
oprjochting | 1876 | |
status | erkend | |
erkenning | Kanada | |
reservaat | ||
reservaat | Samson Reservaat 137 Samson Reservaat 137A Pigeon Lake Res. 138A (dield) | |
lokaasje | sintraal Alberta | |
oerflak | 148,6 km² | |
ynwennertal | 4.222 (2011) | |
offisjele webside | ||
samsoncree.com | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Alberta.
|
De Samson Kry Naasje (Ingelsk: Samson Cree Nation; Kry: ᓃᐱᓰᐦᑯᐹᕽ, Nîpisîhkopâhk) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei eigen reservaten yn it sintrale part fan 'e provinsje Alberta. De Samson Kry Naasje bestiet út etnyske Kry (Cree) en is ferneamd nei it njoggentjinde-iuwske opperhaad Samson (eins: Kanataksu). It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn it plak Maskwacis (foarhinne Hobbema).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Samson-troep, dy't him yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw omneame soe ta de Samson Kry Naasje, waard de facto troch de autoriteiten as stamme erkend yn septimber 1876, doe't it opperhaad Samson (dy't yn it Kry Kanataksu hiet) it Ferdrach Nû. 6 ûndertekene. Dat ferdrach wie ien fan 'e saneamde Nûmere Ferdraggen tusken it Britske koloniale regear fan Kanada en ferskate groepen Yndianen. It Ferdrach Nû. 6 besloech sintraal Alberta en sintraal Saskatchewan.
Yn april 1881 stiene de Samson-troep en de oanbuorjende Ermineskin-troep lân ôf oan 'e Canadian Pacific Railway, foar de oanlis fan in spoarline nei de westkust fan Noard-Amearika. Yn augustus 1885 metten ferskate opperhaden fan 'e Kry út sintraal Alberta, ûnder wa Samson, Koartsturt (Bobtail) en Harmelingehûd (Ermineskin), de Britske amtner John C. Nelson, dy't belêstge wie mei it fêststellen fan 'e Yndianereservaten yn dy krite, om te oerlizzen oer de grinzen fan 'e reservaten dy't harren troepen krije soene.
De reservaten fan 'e Samson- en Ermineskin-troepen waarden yn oktober fan dat jier oprjochte. It Pigeon Lake Reservaat 138A waard yn july 1896 yn it libben roppen foar alle Yndianen fan it Hobbema-agintskip. It wie oarspronklik útslutend bedoeld as gebiet dêr't de Kry-troepen fiskje koene.
Opperhaad Samson (Kanataksu) kaam yn desimber 1898 te ferstjerren en waard opfolge troch syn soan Joe Samson, dy't de Samson-troep late oant syn eigen dea yn febrewaris 1942. Yn novimber 1968 waarden de reservaten om Hobbema hinne oansletten op it Kanadeeske tillefoannetwurk. Op 14 jannewaris 1976 waard yn Hobbema in middelbere skoalle iepene, it Maskwachees Cultural College. Op 17 july 1987 gie de klinyk fan 'e Hobbema Indian Health Services iepen. Op 20 novimber fan datselde jier waard de Samson Bingo Hall iepene, in bingoseal yn it Samson Reservaat 137. En op 1 maart 1996 gie it winkelsintrum de Samson Mall, yn Hobbema, iepen.
Geografy en reservaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Samson Kry Naasje is sitewearre yn it sintrale diel fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta, súdlik fan Wetaskiwin, oan 'e súdkant fan it stedsje Maskwacis (foarhinne Hobbema). De stamme hat twa eigen Yndianereservaten: it Samson Reservaat 137, mei in oerflak fan goed 127 km², en it folle lytsere Samson Reservaat 137A. Fierders is der ek noch it Pigeon Lake Reservaat 138A, dat de Samson Kry Naasje dielt mei trije oare Kry-stammen út 'e omkriten fan Maskwacis.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De leden fan 'e Samson Kry Naasje besteane út etnyske Kry (Cree), in Algonkwynsktalich folk dat de grutste Yndiaanske etnyske groep fan Kanada is. De Kry fan 'e Samson Kry Naasje kinne etnografysk spesifiker omskreaun wurde as Flakte-Kry. Yn 2015 hie de Samson Kry Naasje 8.109 leden. Yn 2009 skatte de Kanadeeske oerheid dat der fan 'e leden fan 'e Samson Kry Naasje 5.550 lju yn in Yndianereservaat wennen, wêrmei't de stamme de op twa nei grutste reservaatsbefolking fan Alberta hie.
Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 wennen doe fan alle leden fan 'e Samson Kry Naasje 3.746 yn it Samson Reservaat 137, 38 yn it Samson Reservaat 137A en 483 yn it Pigeon Lake Reservaat 138A. Dêrnjonken wennen 2.843 leden fan 'e Samson Kry Naasje yn oare Yndianereservaten, wylst 999 bûten de reservaten wennen. Dêrmei wenne 87,7% fan 'e leden fan 'e Samson Kry Naasje yn in reservaat, en 52,6% yn ien fan 'e eigen reservaten fan 'e stamme.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |