Pigeon Lake Reservaat 138A
Pigeon Lake Reservaat 138A Pigeon Lake 138A Reserve | ||
polityk | ||
haadplak | Maskwacis (Alberta) (bûten it reservaat) | |
stamme | ferskaat (sjoch tekst) | |
lân | Kanada | |
provinsje | Alberta | |
sifers | ||
ynwenners | 483 (2011) | |
oerflak | 19,2 km² | |
bef.tichth. | 25,2 / km² | |
oar | ||
stifting | 1896 | |
tiidsône | UTC –7 | |
simmertiid | UTC –6 | |
kaart | ||
De lizzing fan it reservaat yn Alberta.
|
It Pigeon Lake Reservaat 138A (Ingelsk: Pigeon Lake 138A Reserve) is in mienskiplik Yndianereservaat fan ferskate stammen yn it sintrale part fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta. It waard yn july 1896 stifte sadat de Kry (Cree) út 'e omkriten fan Maskwacis (doe noch Hobbema neamd) in plak hawwe soene dêr't se op eigen gerjochtichheid fiskje koene. It reservaat wurdt dield troch:
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Pigeon Lake Reservaat 138A is sitewearre yn it sintrale diel fan Alberta, 39 km bewesten it plak Wetaskiwin, oan 'e igge fan 'e mar Pigeon Lake. It leit op in hichte fan 860 m boppe seenivo en beslacht in oerflak fan 19,21 km².
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wie oarspronklik net de bedoeling dat it Pigeon Lake Reservaat 138A permaninte bewenners krije soe, mar dat is meitiid dochs bard. Neffens ynformaasje fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie it reservaat doe 483 permaninte bewenners. Dat wiene hast allegear leden fan 'e Samson Kry Naasje, dat fierwei de grutste fan 'e fjouwer stammen is dy't it gebrûksrjocht fan it reservaat hawwe. De befolkingstichtens fan it Pigeon Lake Reservaat 138A bedroech dêrmei 25,2 minsken de km². De bewenners fan it reservaat binne allegearre etnyske Kry (Cree), in Algonkwynsktalich folk dat de talrykste Yndiaanske groep fan Kanada foarmet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |