Sal (Kaapverdje)

Ut Wikipedy
Lizzing fan Sal yn Kaapverdje
Kaart fan Sal

Sal (ek Ilha do Sal, Portugeesk foar 'sâlteilân') is ien fan de tsien eilannen fan Kaapverdje, en heart by de Barlavento-groep, de Boppewynske Eilannen. It hat in oerflak fan 216 km² en telt 25.779 ynwenners[1].

De haadplak is de stêd Espargos, dy't goed healwei it eilân leit.

Op Sal leit it ienichste ynternasjonale fleanfjild fan Kaapverdje, it Aeroporto International Amilcar Cabral.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Plakken op it eilân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op Sal lizze sân plakken:

  • Palmeira
  • Pedra De Lume

Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It eilân is foar it meastepart flak mei hjir en dêr in lyts bytsje fegetaasje, foar it meastepart lege strûken en gers lâns de drûge rivierbêden, dy't harren wetter ûnder de grûn wei helje. Allinnich yn de omkriten fan de haadstêd fan Espargos is wat lânbou mooglik.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sal hat in skrok steppeklimaat. De temperatuer leit trochstrings tusken de 18-24 graden minimaal en 24-29 graden maksimaal. Oer it hiele jier besjoen falt er amper rein (mar 6 dagen yn it jier, meast yn de moannen augustus en septimber). De luchfochtichheid is 70 oant 77%.[2]

Salt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kabelbaan foar it transport fan sâlt by Pedro de Lume

De namme Sal is ôflaat fan sâlt en kaam yn swang doe't op de ein fan de 18e iuw de Kaapverdyske ûndernimmer Manuel António Martins Velho yn de goed 500 meter brede fulkaankrater oan de eastkust, dêr't no it plakje Pedro de Lume leit, in sâltwinningsynstallaasje oanlei. It sâlt waard ynearsten foaral nei Brazylje eksportearre, oant omheechgeande ymportheffings dat net mear mooglik makke.

Yn de jierren 20 en 30 fan de 20e iuw makke de sâltyndustry op Sal in koart oplibbing troch doe't in Frânsk bedriuw in kabelbaan foar transport nei de haven oanlein hie. Letter die bliken dat it likegoed net rendabel wie. Alhoewol't de ynstallaasjes der noch hieltyd lizze, wurdt der op it heden net folle produsearre en is it eilân wat sâlt oanbelanget oanwiisd op ymport.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste ynkomsteboarne foar it eilân is it toerisme. Fierders is der sâltwinning en fiskerij. Omdat alles op it eilân ymportearre wurde moat is it djoer. Drinkwetter is der net folle en de measte huzen hawwe gjin wetterlieding. Tankweinen folje in sintraal wetterpunt yn de stêd of doarp dêr't de bewenners mei in jerrycan harren wetter helje kinne. Dat wetter kin net sûnder mear dronken wurde, mar moat earst sean wurde. De hotels hawwe wol wetterlieding, mar ek dat wetter kin net dronken wurde. Op it eilân is in ynstallaasje oanwêzich om it wetter út de oseaan swiet te meitsjen.

Toerisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sal wurdt de lêste jierren hieltyd mear troch toeristen besocht dy't benammen foar it acht kilometer lange witte sânstrân by Santa Maria yn it suden fan it eilân komme. Der binne mooglikheden foar wynsurfen, dûksport, wetterskooteren, silen en fiskjen.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It net bewenne eilân krige troch de sâltwinning yn de 19e iuw har earste bewenners. Yn 1832 waard de befolking rûsd op 400 minsken en dat wie begjin 20e iuw oanwaakse ta 1000 minsken. De befolking groeide stadich, mar ferdûbele tusken 1950 en 1960. It meastepart wenne healwei it eilân, eastlik fan Espargos. In protte Kaapverdianen fan oare eilannen kamen nei Sal doe't it toerisme útein sette yn de santiger jaren. Mei de hotels kamen de betsjinden. Dat brocht de befolking ta hast 15.000 oan de ein fan de 20e iuw. It eilân hat no om de 40.000 ynwenners.

Befolking fan Sal, Cape Verde (1940—2010)
1940[3] 1950[3] 1960[3] 1970[3] 1980[3] 1990[3] 2000[4] 2010[5]
1121 1838 2608 5505 5826 7715 14816 35000

Ynfrastruktuer en ferkear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der is mar ien asfaltearre "snel"wei, fan Espargos nei Santa Maria en nei it fleanfjild. Fjirders binne der inkele klinkertwegen. Utsein de taksy is der op it eilân gjin iepenbier ferfier.

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofbyldingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Fuotnoat:

  1. (pt) Instituto Nacional de Estatísticas.
  2. (dú) Wetterkontor
  3. 3,0 3,1 3,2 3,3 3,4 3,5 Source: Statoids
  4. Source: Instituto Nacional de Estatísticas.
  5. Source: Instituto Nacional de Estatísticas.