Springe nei ynhâld

Sa Gong it mei Friedrich

Ut Wikipedy
Sa Gong it mei Friedrich
algemiene gegevens
oarspr. titel Damals War Es Friedrich
auteur Hans Peter Richter
taal Dútsk
foarm roman
sjenre holokaustliteratuer, jeugdroman
1e publikaasje 1961
prizen M.L. Batchelder Award 1972
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Sa Gong it mei Friedrich
publikaasje 1984, Ljouwert
útjouwer Afûk
oersetter Jacobus Knol
ISBN oers. 90-6273-308-5

Sa Gong it mei Friedrich, yn it oarspronklike Dútsk: Damals War Es Friedrich, is in jeugdroman fan 'e hân fan 'e Dútske skriuwer en útjouwer Hans Peter Richter (1925-1993). It boek fertelt it ferhaal fan it libben fan twa jonges, de iene fan kristlik komôf, de oare in joad, dy't tegearre opgroeie yn it Dútslân fan 'e nazy-tiid. Damals War Es Friedrich waard foar it earst útjûn yn 1961, en wie fierwei Richter syn grutste súkses. It boek waard yn Dútslân oant 2008 ta 57 kear werprinte. Boppedat is it oerset yn 13 talen en binne der wrâldwiid mear as twa miljoen eksimplaren fan ferkocht. Richter waard hjirfoar yn 1972 de prestizjeuze Mildred L. Batchelder Award fan 'e American Library Association takend, en fierders de Dútske Sebaldus-Jugendbuchpreis en de Amerikaanske Woodward School Book Award. Boppedat sleepte er der in nominaasje mei yn 'e wacht foar Dútske Jeugdliteratuerpriis. De Fryske fertaling fan Damals War Es Friedrich, fan oersetter Jacobus Knol, kaam út yn 1984.

Friedrich Schneider is in joadske jonge dy't yn in fletgebou yn Dútslân wennet. Syn ferhaal wurdt ferteld yn it ik-perspektyf, troch de eagen fan syn kristlike buorjonge. Hja wurde yn 1925 wike oan wike berne, en groeie tegearre op. It boek begjint mei in beskriuwing fan 'e freonskip tusken Friedrich en de ferteller, mar al rillegau komt de joadeferfolging yn nazy-Dútslân op 't aljemint. It ferhaal hat in tebekhâldende, amper oardieljende toansetting, dy't de ferskrikkings paradoksalernôch nammenste grouwéliger útkomme lit.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Friedrich wurdt twongen om fan skoalle te feroarjen, mei't it ûntalitber is dat joadske bern mei Dútske bern op deselde skoalle geane. Hy moat dêrom tenei nei in joadske skoalle. Letter wurdt him de tagong ûntsein ta it swimbad en de bioskoop. By in pogrom wurdt de wente fan 'e Schneiders koart en klien slein en Friedrich syn mem fermoarde. As Friedrich syn heit neitiid ek noch ûntslein wurdt, stoart dy geastlik yn. Friedrich en syn heit moatte lykwols alle wurk oanpakke dat se krije kinne, simpelwei om itende te bliuwen. Underwilens kriget Friedrich kunde oan in famke, Helga, dêr't er alhiel fan besleifere rekket. Mar om't hja net joadsk is, kin er net oars as harren relaasje ferbrekke, mei't hja oars it risiko rinne soe om nei in konsintraasjekamp ta stjoerd te wurden foar de misdie fan rasseferminging.

Op in stuit biede Friedrich en syn heit beskûl oan in joadske rabbyn, mar yn it fletgebou is it dreech om soks geheim te hâlden, en al rillegau wurde Schneider en de rabbyn oppakt en nei de kampen deportearre. Friedrich bliuwt lykme-allinne efter. Tsjin dy tiid is de Twadde Wrâldoarloch begûn en de Alliëarden sette útein mei de stêden fan Dútslân te bombardearjen. Under ien sa'n loftoanfal krûpe alle bewenners fan it fletgebou gear yn 'e skûlkelder. Friedrich smeket om dêr ek ynlitten te wurden, mar Herr Resch, de lânhearre, wiist him de doar. As de loftoanfal foarby is, wurdt Friedrich op 'e stoepe fan it gebou oantroffen; hy is omkommen troch in bomskerf.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Damals War Es Friedrich ferskynde yn 1984 ûnder de titel Sa Gong it mei Friedrich, yn in fertaling fan 'e hân fan Jacobus Knol te Dokkum. It waard mei stipe fan 'e provinsje Fryslân útjûn troch de Afûk, yn 'e foarm fan in boekje fan 128 siden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Richter, Hans Peter, Sa Gong it mei Friedrich, Ljouwert, 1984 (Afûk), ISBN 90-6273-308-5.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.