SF Site

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
SF Site
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of Canada.svg Kanadeesk
taal Ingelsk
sjenre science fiction
frekwinsje 1x yn 'e 14 dagen
bestean 1996 – no
oprjochter John O'Neill
offisjele webside
www.sfsite.com

SF Site is in Ingelsktalich science fiction-tydskrift dat inkeld online ferskynd. It waard yn 1996 oprjochte troch redakteur John O'Neill en is fêstige yn Kanada. It omfiemet lykwols bydragen fan skriuwers út 'e hiele (Ingelsktalige) wrâld.

SF Site publisearret resinsjes fan nije science fiction-boeken, films en tillefyzjesearjes, mar ek fraachpetearen mei auteurs en passaazjes fan fiksje. Under de lju dy't geregeldwei oan it tydskrift bydrage, binne Steven H. Silver, Richard Lupoff, Rick Norwood, Victoria Strauss, Mark London Williams en Rick Klaw.

Fierders is SF Site ek de webhost foar bekende science fiction- en fantasyskriuwers as Guy Gavriel Kay en Charles de Lint, en foar papierrene tydskriften as Fantasy and Science Fiction. Ek fersoarget it in diskusjefoarum op it mêd fan science fiction. Yn 2002 wûn SF Site de Locus Award foar bêste online-science fiction-tydskrift.

Yn desimber 2013 skoarre SF Site de produksje fan syn updates, dy't ienris yn 'e fjirtjin dagen pleatst waarden, op, fanwegen it weromrinnen fan ynkomsten út reklame.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.