Diskusjefoarum

Ut Wikipedy
In webside mei in ynternetfoarum (toande software phpBB 3.0)

In ynternet- of diskusjefoarum, meast koartwei foarum is in online diskusjeromte tusken ferskate brûkers. Dy brûkers pleatse (langere) berjochten en kinne ‘syngroan’ meiïnoar oerlizze; dy bydragen wurde argivearre en de diskusje kin oer in lange tiid fierdergean. Ynternetfoarums ferskille dêrmei fan oare diskusjemooglikheden lykas tsjetromtes, nijsgroepen, weblochs en sosjale media lykas Twitter.

Op guon ynternetfoarums moatte besikers har registrearje ûnder in bynamme of nickname om reagearje te meien. Oare foarums binne dêr frijer yn en dêr binne berjochten sûnder te registrearjen op pleatst. Dy wurde pleage troch Spamoanfallen en skeakelje meast oer nei in beskate foarm fan autentifikaasje. De firtuele persoanlikheid fan in foarumbesiker kin njonken it brûken fan bynammen ek ta utering komme yn it brûken fan Avatars en hântekens. De measte foarumgongers besykje it foarum ûnder in skûlnamme. Dat blykt allerhanne foarmen fan ûnfoech gedrach oan te heljen. Dêrom ha de measte (kwaliteits)foarums ien of oar ‘foarumbelied’ mei brûkersbetingsten foar de webside. Moderatoaren kontrolearje dy betingsten.