Springe nei ynhâld

SBBN

Ut Wikipedy

De Stifting ta Befoardering foar Buertwurk yn it Noarden waard oprjochte yn juny 1957 foar it buerthûswurk yn de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte. DE SBBN hâlde him ek dwaande mei it fersoargjen fan de finansjele administraasje fan doarpshuzen.

Yn 1975 wienen yn Fryslân sân ynstellings foar buert- en opbouwurk foar de ynhâldlike begeleiding by de SBBN oansluten: COL yn Ljouwert ( Wyksintrum Nijlân, buertsintrum de Easthoeke en Rengerspark, buerthûs de Wielepôle; doarpshûs yn Sint-Anne, buerthûs Allardseach yn Bakkefean en it buerthûs yn Noardwâlde ).
De SBBN hie doe trije konsulinten en in finansjeel konsulint yn tsjinst.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: