Springe nei ynhâld

Súd-Noardkanaal

Ut Wikipedy
Turfskip op it Súd-Noardkanaal om 1900 hinne
Súd-Noardkanaal yn Nordhorn, nei it noarden sjoen

It Súd-Noardkanaal (Dútsk: Süd-Nord-Kanal, ôfkoarte SNK) is in kanaal yn de Dútske dielsteat Nedersaksen, yn de landkreisen Greefskip Bentheim en Iemslân.

It kanaal begjint yn Nordhorn by it Iems-Fechtkanaal en einiget yn it noarden yn it Haren-Rutenbroekkanaal by Rütenbrock. By Georgsdorf splitst it Súd-Noardkanaal mei it Coevorden-Piccardiekanaal. De lingte fan it Súd-Noardkanaal is 47 kilometer.

It kanaal is in part fan it farwegenet bewesten de Iems (Linksemsisches Kanalnetz), dat tusken 1871 en 1904 oanlein waard. Utsein de beropsfeart troch skippen mei 200 ton laadfermogen, tsjinnet it kanaal foar it ôfwetterjen fan it omlizzende fean.