Sándor Márai
Sándor Márai | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sándor Grosschmid de Mára | |
nasjonaliteit | Eastenryk-Hongarije | |
berne | 11 april 1900 | |
berteplak | Košice | |
stoarn | 22 febrewaris 1989 | |
stjerplak | San Diego | |
etnisiteit | Hongaarsk | |
wurk | ||
taal | Hongaarsk | |
sjenre | roman, sjoernalistyk | |
prizen | Kossuthpriis (postúm) |
Sándor Márai, earst Sándor Grosschmid de Mára. (Košice, 11 april 1900 - San Diego, 22 febrewaris 1989) wie in Hongaarsk skriuwer en sjoernalist.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Márai waard berne yn Kassa (doe yn Eastenryk-Hongarije, no Košice yn Slowakije), yn in magyarisearre Saksyske boargerhúshâlding. Hy studearre yn Leipzig, Frankfurt en Berlyn, en wie tusken 1923 en 1929 korrespondint fan de Frankfurter Zeitung yn Parys. Hy sette wurk fan Franz Kafka en Georg Trakl oer yn it Hongaarsk. Fan 1929 ôf ferskynden romans, ferhalen, essays en toanielstikken fan syn hân.[1]
Nei't Márai in skoft yn Italië wenne hie, emigrearre er nei de Feriene Steaten, dêr't er him nei wenjen sette yn San Diego. Hy bleau publisearjen yn syn memmetaal, mar syn boeken berikten mar in lyts publyk, omdat syn wurk yn Hongarije – op dat stuit kommunistysk – tsjin hâlden waard. In feriensume Márai die himsels tekoart yn de âldens fan 88 jier.
In jier letter, yn 1990, waard syn haadwurk A gyerták csonkig égnek (1942) op 'en nij yn it Hongaarsk útbrocht. Yn 1998 waard it yn it Italjaansk oerset en troch de Italjaanske kritikussen bot priizge. Dêrnei rekke it wurk fan Márai fluch wiidferneamd. Yn 1999 wie Hongarije it haadtema op de Frankfurter Buchmesse en ynienen begûn it boek te rinnen. Nei in besprekking fol fan lof fan de wichtige Dútske kritikus Marcel Reich-Ranicki op telefyzje waard de roman in bestseller.[2]
Wilens hat Márai syn wurk in fêst plak ferôvere yn de Europeeske literêre kanon fan de 20e iuw.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oersettingen yn it Nederlânsk:
- Idegen emberek (1930) - Vreemdelingen (1934, oersetters László Székely en Madelon Székely-Lulofs), útj.: Nederlandse Keurboekerij Amsterdam,
Yn Nederlân binne sûnt Márai fannijs ûntdutsen waard de folgjende boeken útjûn (Wereldbibliotheek, Amsterdam):
- A gyertyák csonkig égnek (1942) - Gloed (2000, oers. Mari Alföldy), .
- Eszter hagyatéka - De erfenis van Eszter (2000, oers. Mari Alföldy),
- Föld, föld!... - Land, land!... (2002, oers. Mari Alföldy),
- Zendülők - De opstandigen (2003, oers. Henry Kammer),
- Vendégjáték Bolzanóban - De gravin van Parma (2004, oers. Margreeth Schopenhauer),
- Az Igazi/Judit - Kentering van een huwelijk (2005, oers. Henry Kammer),
- Válás Budán - De nacht voor de scheiding (1939/2006, oers. Lászlo Székely en Madelon Székely-Lulofs),
- Egy polgár vallomásai - Bekentenissen van een burger (2007, oers. Henry Kammer),
- Sirály (1943) - De meeuw (2009, oers. Frans van Nes),
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Stânbyld fan Márai
yn Košice -
Márai syn went (no Mäsiarskastrjitte yn Košice)
-
Márai's hanttekening
(detail fan it stânbyld yn Košice)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele Maraiside by Knopf, dy't Marai's romans yn it Ingelsk útjout
- (ned) Wrâldbibleteek
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sándor Márai fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
- Hongaarsk romanskriuwer
- Hongaarsk dichter
- Hongaarsk deiboekskriuwer
- Hongaarsk balling
- Amerikaansk romanskriuwer
- Amerikaansk dichter
- Amerikaansk deiboekskriuwer
- Selsmoarddogger
- Hongaarsk persoan fan Dútsk komôf
- Persoan fan Hongaarsk-Dútsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Hongaarsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf
- Persoan berne yn 1900
- Persoan stoarn yn 1989