Ryk fan Nimwegen
It Ryk fan Nimwegen is in streek yn it súdeasten fan de Nederlânske provinsje Gelderlân. De streek leit om de stêd Nimwegen hinne, besuden de rivier de Waal en beëasten it Lân fan Maas en Waal.
De namme fan it gebiet komt fan it gebiet dat ta de frije ryksstêd Nimwegen hearde. Njonken Nimwegen sels omfiemet it gebiet ek de gemeenten Beuningen, Berg en Dal, Heumen en Wijchen. Ek de Noardlimburchske gemeente Mook en Middelaar wurdt gauris ta it Ryk fan Nimwegen rekkene.
Gea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tekenjend foar it gebiet is it grutte ferskaat oan geaen. Om Beuningen en Wijchen hinne is it wrydsk en beëasten en besúdeasten de stêd Nimwegen is it heuveleftich en beboske. It gebiet is part fan de Nederrynske Heuvelrêch dy't oer de grins yn Dútslân oant de stêd Xanten ta rint. It heechste punt fan it Nederlânske part fan dy driuwwâl is de Vlierenberg by Berg en Dal mei 91,8 meter boppe NAP. Yn de gemeente Berg en dal leit it natoergebiet Ooijpolder, dy't foarme waard troch de uterwaarden fan de rivier de Waal.
Bestjoer en media
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is in bestjoerlik gearwurkingsferbân "Regio Ryk fan Nimwegen" dy't sûnt 2016 warber is opit mêd fan arbeidsbemiddeljen en de YKT-foarsjennings foar gemeentebestjoeren yn de regio. Dêrnjonken tsjinnet it as in "platfoarm foar it gearwurkjen en ôfstimmen tusken gemeenten yn de regio" op in stikmannich oare saken. Dat ferbân omfiemet ek de gemeente Druten yn it Lân fan Maas en Waal. Troch it útwreidzjen fan de stêd Nimwegen benoarden de Waal, de wyk Waalsprong omfiemet de bestjoerlike regio ek in part fan it gebiet Oer-Betuwe.
De publike omrop RN7 fersoarget it regionijs foar it Ryk fan Nimwegen.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kertier fan Nimwegen, de eardere bestjoerlike ienheid dêr't Nimwegen ta hearde.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- VVV Nijmegen
- Regio Ryk fan Nimwegen (bestjoerlik gearwurkingsferbân)