Springe nei ynhâld

Opstân fan de Georgjers

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Russenoarloch)
Teksel
De troch gefjochten skansearre fjoertoer fan Cocksdorp (nov. 1945)
Russebegraafplak Loladze

De Opstân fan de Georgjers of de Russe-oarloch (5 april oant 20 maaie 1945) wie in opstân tsjin de Dútsers op Teksel, troch Georgjers dy't dêr as besettingsmacht ynset wiene nei't se troch de Dútsers finzen naam wienen.

De ûngefear 800 Georgjers wienen part fan it Ostlegion (Eastlegioen), dat de Dútsers gearstald hienen út soldaten dy't oan it Eastfront finzen naam wienen en twongen wienen om tsjinst te nimmen yn it Dútske leger as se net as kriichsfinzenen fan hûnger en kjeld stjerre woenen. Oant 5 april hienen se fungearre as besettingsmacht, mar dy dei hearden se dat se in dei letter yn East-Nederlân ynset wurde soenen yn gefjocht tsjin de Alliearden.

De Georgjers hienen fan doel wêst om op 20 april yn opstân te kommen. Dat soe makliker wêze om't it de jierdei fan Adolf Hitler wie en se tochten dat se dan it eilân wol yn hannen holde koenen oant de Alliearden kamen, mar no wienen se twongen en doch it daalks. Om ien oere nachts besochten se al de Dútsers fan harren bataljon dea te dwaan. Dan soenen se de geskutsbatterijen ynnimme, en dermei koenen dan se Teksel tsjin de Dútsers ferdedigje. It plan slagge net, en twa Dútsers koenen weikomme. De súdlike batterijen en De Helder waarden warskôge, en it slagge de Georgjers net de Súdlike batterijen yn te nimmen eart de Dútsers dy dei in tsjinoffensyf mei 600 man mei swier materieel ynsetten.

De Georgjers slaggen der net yn de batterijen yn te nimmen. Yn stee dêrfan waard De Burch troch de artillery ûnder fjoer naam en swier skansearre. It fleanfjild koe yn it begjin noch wol hâlden wurde; dat soenen dan, sa wie it plan, de Britten brûke kinne foar harren offensyf. Mei in lyts boatsje, de "Joan Hodshon", binne in pear Georgjers en mannen fan it ferset nei Ingelân fearn foar help. De Britten lykwols doarren it net oan. De gefjochten duorren wikenlang wylst de Georgjers hieltiid fierder tebekdreaun waarden. Fral yn de Eierlânpolder waard slim fjochten, en tsientallen pleatsen waarden delbaarne. De lêste regele gefjochten wienen op 22 april oan de noardkant fan it eilân, dêr't Georgjers harren yn de fjoertoer fan De Cocksdoarp ferskânze hienen. Mar ferspraat oer it eilân gongen de Georgjers fierder mei harren ferset.
Doe't de Dútsers it eilân wer yn hannen hienen gongen se hiel it eilân oer te sykjen nei de lêste Georgjers. Mear as sântich Georgjers waarden eksekutearre. Mar ek de fersprate Georgjers skeaten Dútsers dea as se dat koenen. Se waarden holpen troch it ferset, wat mei focht, en wat besocht om de Georgjers út hannen fan de Dútsers te hâlden. Al op 6 april wienen boargers eksekutearre om't it ferset de side fan de Georgjers kezen hie, en no eksekutearren de Dútsers eltsenien dy't de Georgjers holpen. Dochs koenen in pear hundert Georgjers holpen troch it ferset út hannen fan de Dútsers bliuwe. Earst op 20 maaie waarden se troch de Kanadezen ûntset.

Doe't Teksel úteinlik frij wie, wienen op dit lêste slachtfjild yn Jeropa 117 boargers fallen, tusken de 482 en 565 Georgjers en tusken de 800 en 2347 Dútsers. De hope fan de Georgjers en de freze fan de Dútsers wie, dat ek oare Russyske battaljons oan de kust fan Noard-Hollân yn opstân komme soenen, wat net barre. Mar de Russe-oarloch hie al as gefolch dat sa'n 4000 dútsers weitrokken waarden út de ferdigening fan Hollân, wat de Kanadeeske opmars ferhastige. Mei troch dit gefolch waarden de Georgjers, doe't se nei de Sowjetuny weromstjoerd waarden, ynhelle as helden, en waarden se net bestraft foar harren tsjinst yn it Dútske leger.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]