Ruri Saijo

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ruri Saijo
Ruri Saijo.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Ruri Saijou
echte namme 西條るり, Ruri Saijo
nasjonaliteit Flag of Japan.svg Japansk
berne 1 maart 1990
berteplak Tokio (Japan)
etnisiteit Flag of Japan.svg Japansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2010 – no
offisjele webside
gjint

Ruri Saijo (Japansk: 西條るり, Saijo Ruri; útspr.: [ru'ri: sai̭'ʤo], likernôch: "roery saidzjo"; Tokio, 1 maart 1990), is in Japansk neakenmodel en pornografysk aktrise. Har namme wurdt ek wol transliterearre as Ruri Saijou. Hja sette yn 2010 útein mei in wurkpaad yn 'e Japanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Saijo stiet benammen bekend om har grutte natuerlike boarsten.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ruri Saijo.

Saijo waard yn 1990 berne yn 'e Japanske haadstêd Tokio. Nei't se yn 2008 mearderjierrich wurden wie, spile se yn twa eroatyske films (saneamde gravueres). Dêrnjonken posearre se ek neaken foar ferskate manljusblêden. Mei tweintich jier begûn Saijo yn 2010 oan in wurkpaad yn 'e Japanske pornoyndustry. Dêrby kaam hja benammen bekend te stean om har grutte natuerlik boarsten.

Sûnt hat se yn in grut tal pornografyske films spile, wêrfan't trettjin titels opnommen binne yn 'e (Westersk oriïntearre) Internet Adult Film Database (IAFD). Guon fan har bekendste films binne 爆乳フェロモン風俗嬢 ("Feromoanen en Seks mei Juffer Titen"), 新人NO.1 STYLE Mカップ111センチ ("Tige Deftige M-kup Begjinnelinge mei in 111 sm Búste") en 淫乱Mカップ男喰い("Wylde Manljusslynster mei in M-kup").

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ruri Saijo is fan mongoloïde ras, mei brune eagen en swart hier dat se gauris brún fervet. Neffens har offisjele opjefte is se 1.55 m lang, mei in natuerlike kupmaat 43F (of M yn it metrike stelsel). Har maten binne (yn sintimeters) 111-57-85. Se hat behalven troch har earlellen gjin piercings, en likemin hat se tatoeaazjes.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(in) Biografyske gegevens en filmografy fan Ruri Saijo yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
(in) Biografyske gegevens fan Ruri Saijo op FreeOnes

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: