Rudolf Steiner
Rudolf Steiner (27 febrewaris 1861 - 30 maart 1925) wie in Eastenrykske filosoof, literêr wittenskipper, arsjitekt en ûnderwizer dy't benammen bekend wurden is as grûnlizzer fan de antroposofy en har praktyske tapassingen, ûnder oare de Frije Skoalle en de Biodynamyske agrikultuer.
Steiner wie fan betinken dat skiednis ûntstiet troch feroarings, dy't har foarme hawwe troch in trochsettende ûntwikkeling fan it minsklike bewust wêze. De aktiviteit fan it yndividuele tinken seach er as in relatyf sjoen resinte ûntwikkeling mei fierstrekkende gefolgen as de Renessânse en de Yndustriële Revolúsje. Hy seach it ryk fan de spirituelen, tsjinoer it ryk fan de fysika yn de aktiviteit fan it minsklik tinken. Steiner karakterisearre syn systeem fan antroposofy mei de folgjende wurden:
“ | "Antroposofy is in paad ta ynsjoch dy't it geastlike yn de minsk mei it geastlike yn de wrâld ferbine wol. Hja makket har yn de minsk kenber as in behoefte fan it hert en fan it gefoel. Hja moat har rjochtfeardiging fine yn it fermogen dizze behoeften te befredigjen. Allinnich dyjinge dy't yn de antroposofy fynt dêr't hy fan syn gemoed út nei sykje moat, kin har wearde erkenne. Dêrom kinne antroposofen allinnich minsken wêze dy't bepaalde fragen oer it wêzen fan de minsk en wrâld krektsa eksistensjeel erfare as sy honger en toarst erfare." Rudolf Steiner, Kearngedachten fan de antroposofy (1924, oersetting 2009) | ” |
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De heit fan Steiner wie jager yn tsjinst fan greve Hoyos yn Geras, en waard letter telegrafist en stasjonssjef by de Súdeastenrykse spoarweimaatskippij. Doe't Rudolf berne waard, wie syn heit stasjonearre yn Donji Kraljevec yn de provinsje Međimurje, tsjintwurdich de meast noardlike provinsje fan Kroaasje, mar dêrfoar in part fan Eastenryk-Hongarije. Doe hy twa jier âld wie, ferfarre it gesin nei it Burgelân yn Eastenryk.
Steiner hie in skerp ferstân en wie al jong ynteressearre yn wiskunde en filosofy. Fan 1879 oant 1883, studearre hy oan de technyske universiteit yn Wenen, dêr't er him spesjalisearre yn wiskunde, natuerkunde en gemy. Yn 1891 promovearre hy yn de filosofy oan de universiteit fan Rostock mei in dissertaasje ûnder de titel Die Grundfrage der Erkenntnistheorie. Inkele jierren letter waard dizze dissertaasje útbrocht ûnder de titel Wahrheit und Wissenschaft.
Yn 1888 waard Steiner troch de gruthartochin fan Saksen, Sophie van Saksen, útnûge om de folsleine edysje fan Goethes syn wittenskiplike wurken te yn Weimar te bewurkjen. Hjiroan wurke hy oant 1896. Yn dizze tiid wurke hy ek oan in edysje fan it folsleien wurk fan Arthur Schopenhauer.
Steiner skreau syn filosofyske haadwurk, Die Philosophie der Freiheit (De filosofy fan fijheid) yn 1894. Dat wurk soe letter troch himsels beskôge wurde as grûnlizzend foar syn wurk yn de antroposofy. Hy beargumentearet dêryn de mooglikheid dat minske spiritueel frije wezens wêze kinne troch it bewuste tinken. Syn besyking yn dat boek om it transsindentaal idealisme, de filosofy fan Immanuel Kant, te ûntkrêftsjen waard ôfwiisd troch sommige filosofen en akseptearre troch oaren, mar bleau by de measten ûnbekend.
Yn 1919 krige Steiner yn Stuttgart de lieding oer de “Freie Waldorfschule”, opsetten troch de fabrikant Emil Mohlt, eigener fan de sigaretten fabryk Waldorf-Astoria, om de arbeiders en de direkteuren tichter ta elkoar te bringen. Hy ûntwikkele in pedagogy dy't ta grûnslach komme te lizzen soe fan de wrâldwide frije skoallebeweging, mei skoallen foar basis- en middelber ûnderwiis yn in protte lannen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Antroposofyske feriening yn Nederlân
- (in) Steiner Books
- (in) Rudolf Steiner Stifting
- (in) Ferdigening fan Steiner