Rudolf Breslauer

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Breslauer (ein jierren '30)
Rudolf Breslauer (1944)

Werner Rudolf Breslauer (Leipzig, 4 july 1903 - Poalen, 28 febrewaris 1945) wie in Dútsk fotograaf fan joadsk komôf.

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Breslauer folge in oplieding oan de Akademy foar Keunstfotografy en gie dêrnei oan't wurk yn de drukkerij fan syn pake. Neidat de nazi's oan de macht kamen yn Dútslân, flechte er my syn frou Bella Weissmann en harren trjie bern nei Nederlân. Dêr wurke er by drukkerijen yn Leien en Utert.

Yn 1942 waard Breslauer mei de hûshâlding finzen naam en nei kamp Westerbork deportearre. Yn kamp Westerbork moast er fanwege kampkommandant Albert Konrad Gemmeker pasfoto's fan de finzenen nimme en it kamplibben op foto's en film fêstlizze. Op ien fan de films fan Breslauer is Settela Steinbach te sjen, in Roma-famke 19 maaie 1944 nei Auschwitz deportearre waard.

Breslauer waard sels mei syn famylje yn de hjerst fan 1944 nei Auschwitz oerbrocht. Dêr waarden syn frou en harren soannen Stefan en Mischa yn de gaskeamers fermoarde. Sels stoar er dêr in pear moanne letter. Dochter Ursula oerlibbe de oarloch.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]