Springe nei ynhâld

Ruïnetsjerke (Oude Niedorp)

Ut Wikipedy
Ruïne fan de herfoarme tsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
gemeente Hollâns Kroan
plak Oude Niedorp
adres Doarpsstrjitte
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke (ruïne)
boujier 1648
boustyl Letgoatysk

De ruïnetsjerke fan it Noard-Hollânske doarp Oude Niedorp is de eardere 13e-iuwske herfoarme tsjerke fan it doarp. De tsjerke baarnde yn 1977 ôf nei't de bliksem it gebou trof en waard sûnt net wer opboud.

De tsjerke giet werom op in 13e-iuwsk gebou, dat oan de hillige Werenfridus wijd wie. Yn de 14e iuw moast de tsjerke fanwegen fersakkings troch nijbou ferfongen wurde. Tsjin it ein fan de 15e iuw waard de tsjerke fergrutte mei twa sydskippen.

De tsjerke yn 1949

Om't it gebou fierder fersakke waard de toer fan de 13e-iuwske tsjerke yn 1738 ôfbrutsen en ferfongen troch in nije toer, dy't ek al gau fersakke. Yn 1800 waard de spits ôfbrutsen en in jiermannich letter folgen ek de sydskippen en de rest fan de toer. Boppe it westlike diel fan de tsjerke waard doe in dakruter boud. In restauraasje fan de tsjerke folge yn de jierren 1950.

Op sneintemiddei 3 april 1977, nei't der earder moarns in tsjerketsjinst west hie, waard de toer fan de tsjerke by swier waar troffen troch de bliksem. De fjoerbal yn de tsjerke feroarsake brân en allinne de muorren bleaune út 1648 bleane bewarre. Mei de brân gyng ek de 17e-iuwske preekstoel ferlern; it Frânske oargel en in Hugenoatebibel koene noch op 'e tiid út de tsjerke helle wurde.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: