Springe nei ynhâld

Roulastins

Ut Wikipedy
Roulastins

De Roulastins of Olde Stins Roula wie in stins noard fan Ferwert by Blije. Op it terrein stiet tsjintwurdich in pleats.

It boujier is ûnbekend, mar yn 1511 pachte Tiaerd to Aldesteens 60 pûnsmiet en 10 "gras" fan de abdij Foswert. Ek letter stie it bedriuw as Olde Stins of nei 18e iuwske eigeners as de Olde Stins Roula bekend. Om 1830 hinne wie noard en west fan it hiem noch in grêft oanwêzich. Oannimlik is dat it kleaster Foswert hjir in stins hie, sa't mear kleasters stinzen hienen op harren úthôven of op belangrike pachtpleatsen, lykas bygelyks de Skierstins yn Feanwâlden, de Grovestins yn De Gaastmar, de stinzen fan de abdij Lidlum en de Spiker yn Himmelum.

Yn 1832 wie de pleats eigendom fan widdo Johannes Haitsma yn Boalsert. Tsjintwurdich (2009) sit yn de pleats TF Boukunde.

  • 1511 Tiaerd to Aldesteens
  • fam. Roula
  • 2009 TF Boukunde

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: