Springe nei ynhâld

Rotsdo

Ut Wikipedy
rotsdo
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai hôfdowen (Columba)
soarte
Columba livia
Gmelin, 1798
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     oarspronlike fersprieding
     yntrodusearre fersprieding

De rotsdo (Columba livia) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e dowen (Columbidae). De do is de stamfoarm fan 'e hûsdo (Columba livia domestica) en dêrmei ek de postdo en de stedsdo. Dy domestisearre en ferwyldere foarm telt ta de meast suksesfolle fûgels fan 'e wrâld hat him mei útsûndering fan 'e poalen yntusken oer de hiele wrâld útwreide. De wylde foarm libbe dêrfoar oer allinne yn Europa en Aazje.

Kop fan 'e rotsdo.

De rotsdo is 31 oant 34 sm lang en hat in gewicht fan 200 oant 300 gram.

It fearrekleed is ljochtgriis mei in donkergrize kop en hals. De siden fan 'e hals binne glânzgjend grien en pears. De wjukken hawwe twa donkere streken. Yn 'e flecht falt de donkergrize sturt mei de swart bân oan it ein en de wite ûnderwjuk op. De snaffel is donker mei in wite, fleizige ferdikking by de noasgatten. De fûgel hat in oranje iris. Mantsjes en wyfkes hawwe deselde kleuren.

Rotsdowen briede fral yn bercheftige gebieten om de Middellânske See.

Fleanende rotsdo.

De soarte is te ferdielen yn njoggen ûndersoarten:[1]

Rotsdo mei twa jongen.

It nêst wurdt yn in ûndjippe rotsspjalt of op in richel boud. It lechsel bestiet yn 'e regel út twa wite aaien, dy't troch de âlders yn 17 dagen wurde útbret. De fûgel kin alle jierren oant twa of trije kear briede, somtiden noch faker.

De wyfkes besette yn 'e regel jierren efter inoar itselde territoarium. Se bliuwe meast trou oan 'e selde partner.

It liket der op dat de wrâldpopulaasje fan 'e rotsdowen ôfnimt. Mar de fûgel komt yn in ûnbidich grut gebiet foar en de populaasje is grut, sadat de status troch IUCN op 'e Reade list net bedrige neamd wurdt.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Felsentaube (ferzje 15 april 2024)