Springe nei ynhâld

Rotondetsjerke (De Westereen)

Ut Wikipedy
Rotondetsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Dantumadiel
plak De Westereen
adres Skoallestrjitte 32
bysûnderheden
type bouwurk Oarspronklik tsjerke
boujier 1963
arsjitekt G. Steen

De Rotondetsjerke wie de grifformearde tsjerke en letter ien fan de twa PKN-tsjerken yn De Westereen.

De tsjerke waard boud yn 1963 en ferfong in âlder gebou út 1942, doe't de grifformearde gemeente yn De Westereen ynstitúsjonearre waard. Foar dy tiid moasten de grifformearden foar de tsjinst nei Twizelerheide.

Mei de fúzje fan de Herfoarme en Grifformearde Tsjerke krige de nije PKN-gemeente yn De Westereen twa tsjerken, dy't tichteby inoar leine. It ûnderhâld fan de twa tsjerken waard foar de PKN-gemeente fan likernôch 1450 leden te djoer en dêrom ferkocht de gemeente yn 2016 de Rotondetsjerke oan in boubedriuw, dy't tusken de muorren fan de tsjerke apparteminten boude.

Om de eardere herfoarme Toertsjerke (letter omdoopt ta "Ferbiningstsjerke") geskikt te meitsjen foar de gruttere PKN-gemeente waard yn 2017 útein set mei in grutte útwreiding en ferbouwing ta in modern multifunksjoneel kompleks. Nei de foltôging dêrfan waard op snein 16 septimber 2018 foar it lêst yn in folle Rotondetsjerke de lêste tsjinst holden.[1]

It is net bekend wat der mei it Koch-oargel fan de Rotondetsjerke bard is.[2][3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: