Ross Macpherson Smith
Sir Ross Macpherson Smith KBE, MC & Bar, DFC & Two Bars, AFC (Semaphore (Súd-Austraalje), 4 desimber 1892 - Weybridge (Ingelân), 13 april 1922) wie in Australysk fleander. Hy en syn broer, Sir Keith Macpherson Smith, wiene de earste piloaten dy't fan Ingelân nei Austraalje fleagen yn 1919.
Ross Smith jildt as Austraaljes earste grutte fleanpionier en as meast ûnderskieden piloat fan de Australian Imperial Force.[1]
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Heit Smith emigrearre fan Skotlân nei West-Austraalje en waard skieppeboer yn Súd-Austraalje. Syn mem waard berne ûnder New Norcia, West-Austraalje, as dochter fan in Skotsk pionier. De bruorren gien yn Adelaide en letter noch twa jier ynSkotlân nei skoalle.
Hy gie yn 1914 by it 3rd Light Horse Regiment en wie by de lâning by Gallipoli op 13 maaie 1915. Yn 1917 joech er him frijwillich op by it Australian Flying Corps. Letter waard er twa kear ûnderskieden mei it Military Cross en trijeris mei it Distinguished Flying Cross. Mei alve befestige oerwinnings fan in loftgefjocht waard er in ace.
Smith wie ek piloat foar T.E. Lawrence ('Lawrence 'fan Arabië') en fleach by ferskate militêre missys yn it Heine Easten. Lawrence neamt him mear as ien kear yn syn boek Seven Pillars of Wisdom.
Hy en syn broer Keith, mei de sergeanten James Mallett (Jim) Bennett en Wally Shiers, setten op 12 novimber 1919 fan fleanfjild Hounslow Heath, Ingelân, ôf yn in Vickers Vimy nei Darwin Australia dêr't hja op 10 desimber, yn krapoan 28 dagen, yn in tiid fan 135 oeren, oankamen. De mannen ferparten it priisjild, £10.000, dat it Australysk regear beskiber steld hie.
Smith ferlear it libben by in testflecht (tegearre mei luitenant Bennett) mei in Vickers Viking-amfibysk fleantúch yn Byfleet, krekt nei it opstigen fan Brooklands op 13 april 1922. Testpiloat foar Vickers Stanley Cockerell, hie de beide manlju in dei earder as passazjiers meinaam op de earste flecht fan it tastel en ferklearre letter dat der doe neat mei it tastel te rêden wie. [2] De lichems waarden nei Austraalje brocht en Smith krige in steatsbegraffenis en kaam 15 juny te hôf yn Adelaide.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ross Macpherson Smith fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|