Springe nei ynhâld

Rokus Greebe

Ut Wikipedy

Rokus Barendregt Greebe (Zweeloo, 1952/1953) is in Nederlânske kaaksjirurch en keunstner.

Rokus Greebe is soan fan Hugo Greebe, dy 't boargemaster fan Coevorden wie. Rokus Greebe wie fan 1982 tot 2013 kaaksjirurch yn sikehûs Tsjongerskâns op It Hearrenfean.[1]

Al jong krige er ynteresse foar keunst, doe ’t hy fan de pleatslike dûmny yn de begjinsels fan it perspektyftekenjen learde. Al jong mocht er graach wat meitsje, in tekening of in byld. Op de middelbere skoalle spile er hoarn en neffens de learaar soe it konservatoarium in goede kar west ha. Mar syn âlden fûnen dat er in fak leare moast. Hy waard earst fleander by de loftmacht en koe sa syn stúdzje oan de universiteit betelje. Yn syn wurk fan plastysk kaaksjirurch soe foarmjouwing ek in grutte rol spylje. Yn it foarmjaan fan gesichten, dêr’t minsken problemen mei hawwe kinne, komt syn talint om romtlik te wurkjen goed fan pas. Wyls gie er yn de frije oeren troch mei bylden meitsje.

Greebe wurdt yn syn wurk boeid troch emoasje, beweging, foarm en funksje. Omdat úteinlik de plastyske foarmjouwing syn bysûndere ynteresse blykte te hawwen, folge hy dêrfoar ûnder oare in fakoplieding oan de Klassike Akademy foar Byldhoukeunst yn Grins. Dêrmei begjint syn tredde karriêre. Krektas yn syn wurk as sjirurch gie it him net om it meitsjen sels, mar om it úteinlike resultaat. Meastal wit er foarôf krekt wat er meitsje sil. It perspektyftekenjen docht fertuten. ‘Do sjochst oars nei dingen. Do learst hoe’t alles yn elkoar sit en sjochst djipte. By wurkjen yn de romte brûkt er tekenjen as sketsen om yn dy romte te kommen en om sa gryp te krijen hoe’t eat yn yninoar stekt. En soms binne de tekeningen sa goed slagge dat se wurdich binne om te bewarjen. Leafst makket er frij wurk en de dingen te meitsjen dêr ’t er sin yn hat of troch boeid rekket. De taal dy’t er faak by heart is hy net machtich: it byld moat sels sprekke, der heart gjin ferhaal by. [2]

Foar de kaaksjirurgy makke er learboeken mei dêryn eigen yllustraasjes. Dêr hied er dyselde perspektiven: 'ik brocht djipte yn de tekeningen en makke se romtlik'.

Foar de fiif Under de Toer-projekten yn Koartsweagen makke hy yn in optearbere 12 meter hege klokkestoel fan roastfrij stiel. De útfâldbere koe as in it Marijetsjerkje yndroegen.as in prosesjebier.[3]

Marijke Muoi wenne simmerdeis faak op har bûten op It Oranjewâld by Brommegea. De ynwenners fan Bromegea woene doe de spesjale relaasje mei har betinke yn it Marijkemouoi Jier. 250 jier nei har stjerdei makke Greebe in keunstwurk. De kroane pau is in ferwizing nei it eardere lângoed Pauwenburch en foarstlik Oranjewâld. It wurk fan Greebe stiet op it plak dêr’t earder de Pauwenburg stie.

De grinsliuw is in byld fan in liuw, mei skyld tusken de poaten. It stiet yn It Hearrenfean op it punt dêr 't eartiids trije gritenijen elkoar rekken. It trijegritenijepunt waard foarme troch Anjewier, Haskerlân en Skoatterlân.

Foar de stichting 'Brongergea op de Kaert' makke Greebe in keunstwerk om de neitins libben te hâlden oan it k.y.-stasjon Knijpe e.o. dat fan 1954 oant 1979 yn bedriuw wie en yn 2007 ôfbrutsen is. Ynmitsele yn de sokkel is de earste stien fan it eardere k.y.-stasjon.

Sûnt 2012 wie der al it Ynje-monumint mei plakette op it Gashâldersplein yn It Hearrenfean, mar dy hong net moai sichtlik. [4]

Yn augustus 2023 waard de plakette fan it monumint ynmitsele yn in nij Ynje-monumint dat troch Rokus Greebe makke waard. It monumint kaam der op inisjatyf fan Ynje-feteraan Jurgen Pal, dy’t it byld ek betelle. It monumint kaam te stean op de grienstripe oan de Marijkemuoiwei by Museum It Hearrenfean. Greebe woe de sfear fan it lân oproppe en de slachtoffers rjocht dwaan. [5] It monumint is opboud út lagen. Healwei de pylder is de besteande tinkstien opnomd. De readbrune ûnderkant moat de ierde fan Yndoneezje foarstelle en sa giet de oandacht stadichoan nei boppen ta. De giele bal is de sinne, mar tagelyk ek de moanne, mei dêroan palmblêden. Op de evener yn Yndoneezje is hast gjin skimer, mar giet it libben fan de dei daliks oer op nacht. De pylder bestiet út poreus fulkanysk stiente, tekenjend foar de eartiids gystene polityk yn Ynje en foar it fulkanysk lânskip fan it lân dêr’t de Nederlânske militêren hinnestjoerd waarden. It poreuze basalt sil yn de rin fan de tiid begroeid reitsje mei moas en farentsjes en dêrmei it tropyske lânskip symbolisearje.

Wurken yn de iepenbiere romte (seleksje)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Setten Omskriuwing Strjitte Plak Materiaal Ofbyld
2015 Pau mei kroan Marijkemuoiwei Brongergea roastfrij stiel mei glês
2018 Grinsliuw (replika) Hearresleat foar Posthûs Teäter It Hearrenfean stiel
2018 Bolle Bieruma Oostingwei It Oranjewâld waarfêst stiel
2018 Klokkestoel Koartsweagen stiel
2023 Ynje-monumint njonken Museum It Hearrenfean It Hearrenfean

Yn syn studintetiid roeide Greebe by de Grinzer roeiferiening Aegir. Yn 1999 naam er it inisjatyf foar de oprjochting fan Roeiferiening Aengwirden.

  • Stabiliteit en recidief na chirurgische verplaatsing van de onderkaak- VU Utjouwerij, Amsterdam 1987

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Sky is the limit – interview, CBI -Sintrum bysûndere Ymplantology
  2. Heerenveense Courant, woansdei 25 jannewaris 2017
  3. De klok komt werom, Sa by Sa! 2018
  4. 'Informelere' Indiëherdenking op nieuwe locatie in Heerenveen: "Toch wel een beetje emotioneel", Omrop Fryslân, 16 augustus 2023
  5. Jurjen Pal (96) zorgde voor nieuw Indiëmonument: 'Het doet me echt wat als ik dit zie', Omrop Fryslân, 11 augustus 2023