Roger E. Mosley

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Roger E. Mosley
persoanlike bysûnderheden
echte namme Roger Earl Mosley
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 18 desimber 1938
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Flag of the UNIA.svg Afro-Amerikaansk
jierren aktyf 1963 – no
offisjele webside
gjint

Roger E. Mosley (folút: Roger Earl Mosley; Los Angeles, 18 desimber 1938) is in Amerikaansk toaniel-, tillefyzje- en filmakteur fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Hy waard benammen bekend fan syn rol as de helikopterpiloat T.C., yn 'e populêre detektivesearje Magnum, P.I., út 'e 1980-er jierren.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mosley waard yn 1938 berne yn Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hy groeide op yn Imperial Courts, in buert yn 'e swarte wyk Watts, as de de soan fan in allinnichsteande mem, Eloise Harris.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1963 sette Mosley útein mei in karriêre as akteur, wêrby't er meast op 'e planken stie. Yn 1974 rjochte er it toanielselskip de Watts Repertory Company op. Njonken syn toanielwurk spile Mosley ek yn ferskate films en tillefyzjesearjes. Syn bekendste filmrol hied er as it titelpersonaazje yn 'e spylfilm Leadbelly, út 1976, ûnder rezjy fan Gordon Parks. Op 'e tillefyzje hied er gastrollen yn searjes as Night Court, Starsky and Hutch, Kojak, The Rockford Files, Baretta en Sanford and Son. Dêrnjonken spile er ek yn 'e minysearje Roots: The Next Generation.

Mosley briek yn 1980 troch mei syn rol as de ûndernimmer en helikopterpiloat Theodore Calvin, byneamd T.C., yn 'e populêre detektivesearje Magnum, P.I.. Dêryn hied er as tsjinspilers, Tom Selleck, dy't de titelrol fan privee-detektive Thomas Magnum spile, en teffens John Hillerman en Larry Manetti. Magnum, P.I. rûn oant 1988, en neitiid berikte Mosley nea wer itselde súkses. Hy kearde werom nei it teäter en wie noch mar selden yn films of op 'e tillefyzje te sjen. Yn 1992 spile er in plysjeman yn 'e film Unlawful Entry, as tsjinspiler fan Kurt Russell en Ray Liotta. En yn 2007 en 2008 fertolke er yn 'e searje Las Vegas de rol fan in miljardêr en freon fan AJ Cooper (Tom Selleck), de eigen fan it Montecito-kasino.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mosley troude yn 1960 mei in Saundra Locke, mar dat houlik rûn út op in skieding. Sûnt 1976 wennet er gear mei Toni Laudermick. Hy hat twa bern út syn houlik mei Locke en ien út syn relaasje mei Laudermick.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.