Larry Manetti

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Larry Manetti
Filmklapper.png akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lorenzo Francis Manetti
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 23 july 1947
berteplak Chicago (Illinois)
etnisiteit Flag of Italy.svg Italjaansk
jierren aktyf ±1970 – no
offisjele webside
www.larrymanetti.com

Larry Manetti (folút: Lorenzo Francis Manetti; Chicago (Illinois), 23 july 1947) is in Amerikaansk toaniel-, tillefyzje- en filmakteur fan etnysk Italjaansk komôf. Hy waard benammen bekend fan syn rol as de restaurantmanager Rick Wright, yn 'e populêre detektivesearje Magnum, P.I., út 'e 1980-er jierren.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Manetti waard yn 1947 berne yn Chicago, yn 'e Amerikaanske steat Illinois, dêr't er ek opgroeide. Syn âlden wiene etnyske Italjanen. Manetti folge syn aktearoplieding yn syn bertestêd Chicago by de Ted List Players.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Omtrint 1970 sette Manetti útein mei in profesjonele aktearkarriêre, wêrby't er him foar in grut part talei op toanielwurk. Syn earste tillefyzjerol hied yn it seizoen 1973-1974, as in jonge resjersjeur yn 'e searje Chase. Fan 1976 oant 1978 spile er yn 'e rige Baa Baa Black Sheep piloat Bobby Boyle, de partner fan Pappy Boyington (spile troch Robert Conrad). (Geroften dat Manetti en Conrad healbruorren of op in oare manear besibbe binne, binne net wier.) Yn 1979 hie Manetti noch in rol yn 'e searje The Duke, op 'e nij as tsjinspiler fan Conrad, dy't de titelrol fertolke, mar dy rige wie mar in koart libben beskern.

Yn 1980 briek Manetti troch mei syn rol as de restaurantmanager Rick Wright, yn 'e populêre detektivesearje Magnum, P.I. Dêryn hied er as tsjinspilers Tom Selleck, dy't de titelrol fan privee-detektive Thomas Magnum spile, en fierders John Hillerman en Roger E. Mosley. Magnum, P.I. rûn oant 1988. Neitiid hie Manetti gastrollen yn searjes as Quantum Leap, JAG en Walker, Texas Ranger. Teffens hied er lytsere roltsjes yn 25 films, en stied er in protte op 'e planken. Hy behelle lykwols nea wer it súkses dat er mei Magnum, P.I. hân hie. Yn 2013 krige er in weromkearende rol yn 'e plysjesearje Hawaii Five-0.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Manetti is troud mei de aktrise Nancy DeCarl, en hat mei har ien bern, harren soan Lorenzo Manetti, dy't berne is yn 1980. Yn 1999 publisearre Manetti syn memoires oer syn tiid by Magnum, P.I., mei as titel Aloha Magnum. Dêryn fertelt er û.m. anekdoates oer syn kollega-akteurs út 'e searje en oer oare bekendheden, lykas Frank Sinatra, Elvis Presley en Michelle Pfeiffer.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1999 – Aloha Magnum: Larry Manetti's Magnum, P.I. Memories

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.