Rockploech Spul

Ut Wikipedy
Rockploech Spul
band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Rock
bestean 1977-1981
âld-leden Fedde Spoel gitaar
leden
Sang &
Gitaar
Goaitsen van der Vliet
Gitaar René Doesburg
Toetsen John Anemaet
Bas Bauke Kuiper
Drums Reinder Wassenaar

Rockploech Spul (1977-1981) wie de earste Frysktalige rockband. De band ûntstie begjin 1977 út de kabaretploech fan it Frysk Studinte­selskip oan de THT (no UT) yn Enskedee en waard ynearsten foarme troch it trijemanskip fan Goaitsen van der Vliet (sang en slachgitaar), Bauke Kuiper (basgitaar) en Reinder Wassenaar (slachreau). Nei in koarte rite mei Fedde Spoel (Suzannes) as twadde gitarist, kaam datselde jier noch René Doesburg der by op 'pielgitaar'.

De earste kear dat Rockploech Spul op 'e planken stie (doe noch 'goed foar in goed healoere') wie op 10 juny 1977 op de TH (no Universiteit) Twente yn Enskedee. De Fryske premiêre wie net earder as op 28 desimber fan dat jier op it Krystkongres fan Fryske Studinteselskippen yn Frjentsjer.

Yn de rin fan 1979 makke John Anemaet (oargel en piano) de ploech kompleet.

Wurklist[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wurklist fan Rockploech Spul bestie ynearsten út besteande rocknûmers (û.o. fan The Velvet Underground) dy't bewurke waarden yn it Frysk en in fjouwertal teksten fan de skriuwer Reinder van der Leest dy’t doe noch yn Enskedee wenne, waard op muzyk set. Letter soe it measte materiaal troch Goaitsen van der Vliet skreaun wurde.

Twa eigen komposysjes, Lytse wrotter en Wie't mar freed fiif oere, waard yn 1980 in singel fan makke by de 1000 Idioten Records yn Enskedee en yn eigen behear utjûn. Earder al ferskynde in boekje mei sjongteksten.

Dat alles yn it Frysk dien waard, lei foar de hân, ek omdat dy taal him sa goed brûke lit foar sjongteksten. Feitlik wie Rockploech Spul as earste Frysktalige band har tiid in ein foarút. By harren earste ôfskie (1981) wienen groepen as Okke Hel (fan Piter Wilkens) en Skuor yn it opkommen.

Rockploech Spul hat noait úthâlde wollen technysk perfekte muzyk te meitsjen, want dat wie útsoarte net it gefal. It wichtichste wie altyd it oerbringen fan de yntinsje fan muzyk en tekst ('wy spylje jim de earen fan 'e holle'). Dat de sjonger net altyd like sekuur wie en it ritmespantsje net altyd like strak, koe net foarkomme dat de muzikale ideeën en mooglikheden yn 'e groep in tiidlang wûnderwol byinoar oansleaten. Yn de skeamele, út in fraachpetear fan de LC mei Piter Wilkens oernommen fuotnoat yn it boek Pop in Friesland ('Bij Spul staat de Friese taal voorop, de muziek komt op de tweede plaats.') kenne de âld-Spul-mannen har dus net werom.

Rockploech Spul wie in echte kultband. De muzyk sloech oan by in lytse, mar fanatike keppel fens, benammen út Fryske studinte­fermiddens. In trochbraak nei in breed publyk siet der lykwols net yn. Dat slagge ek net mei it yn oktober 1980 ferskynde singeliere plaatsje Lytse wrotter/Wie’t mar freed fiif oere. Radio Fryslân, dêr’t yn dy tiid in soad ferfeelsume kombomuzyk op te hearren wie, woe der net rjocht oan. Dêrtroch hat it doe op de nasjonale radio faker te hearren west as op de Fryske. Fryslân wie der blykber noch net oan ta.

De ein fan de band en reünys[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It begjin fan de ein wie it min of mear mislearjen fan har 28e, mar earste echt grutte optreden, op de anty-kearnwapenmanifestaasje fan 11 april 1981 yn Ljouwert. Dêr koe in tige slagge jûn foar mear 'eigen' publyk in wykmannich letter yn de Brouwershoek neat oan feroarje.

Op 12 juny 1981 hie Spul har offisjele ôfskied yn It Brune Jaske yn Drachten. It hjitte dat Rockploech Spul soe yn refyzje en oan nij repertwaar wurkje, mar it kaam der op del dat it fjoer der út rekke en frontman Goaitsen van der Vliet der yn maaie 1982 in punt achter sette.

Fiif jier letter moasten de gitaren wer út it fet foar in Spul-reüny op it earste Aaipop festival op 20 april 1987 yn kafee Boanstra yn Nijlân.

De lêste kear dat Spul yn folsleine, oarspronklike besetting spile wie op har twadde reüny yn Jellum yn 1993.

Rockploech Spul op cd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op de Aaipop-reüny binne twa omtrint yntegrale opnames makke: ien mei in studiorekorder rjochtstreeks fan it mingpaniel troch it lokale radiostasjon fan Snits en ien mei in kassetterekorder út de seal wei troch de Fryske fideograaf Hein van der Vliet. Beide ha wat foar: de earste fanwegen de lûdskwaliteit, de twadde fanwegen de sfear en de bettere ûnderlinge lûdferhâldings.

De cd Rockploech Spul - Singel & Swanesang befettet neist de singel de sealopnames. Allinne de Ljouwerter ballade mist it lêste kûplet troch it folreitsjen fan de kassette. De cd Rockploech Spul - Swanesang (PA) befettet de rjochtstreekse opnames. Allinne Kringspul, dat as lûdtest fungearre, waard by fersin net opnaam.

It lange Goddeleaze tiid koe troch tiidkrapte net mear spile wurde. Moarn is wer in nije dei wie in oanset ta in splinternij nûmer, dat de foarige jûns op 'e lêste rippetysje yn Burgum foar it earst útbesocht wie. Swanesang ('Ik moat hjir wei') wie in needgjalp út de neidagen fan Spul yn 1982, mar krige earst by dizze gelegenheid ymprovisearjendewei syn definitive foarm.

Rockploech Spul – Singel & Swanesang:

  • Lytse wrotter (studio)
  • Wie't mar freed fiif oere (studio)
  • Kringspul (oarspr. tekst Reinder van der Leest)
  • Tiid
  • Sneen (Velvet Underground: Sweet Jane)
  • Ljouwerter ballade (tekst Reinder van der Leest, sûnder lêste kûplet)
  • Hindrik ('Wêr hasto west?')
  • Ik wachtsje op myn faam (The Velvet Underground: I’m waiting for my man)
  • Wie’t mar freed fiif oere
  • O famke (O Carol)
  • Fenus yn fers (The Velvet Underground: Venus in furs)
  • Lytse wrotter (tekst Jouke Douma en Goaitsen van der Vliet)
  • Moarn is wer in nije dei
  • Swanesang ('Ik moat hjir wei')

Alle muzyk, teksten en bewurkings binne fan Goaitsen van der Vliet, behalven wêr’t wat oars oanjûn is.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]