Okke Hel (band)

Ut Wikipedy
Okke Hel
band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Frysk
sjenre Punk
bestean 1979 - 1984
leden
Sang Ymkje bij de Ley
Gitaar &
Sang
Henk Postma
Gitaar Syb Eppenga
Toetsen Danny Homan
Trompet
Saksofoan
Oene Wagenaarn
Hans Wijnbergen
Bas
Drums
Perkusje
Piter Wilkens
Rudolf Spijkerman
Jelle Douma

Okke Hel wie in Fryske punkband dy't aktyf wie tusken 1979 en 1984.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1979 sette de band útein mei Piter Wilkens, syn broer Sytse Wilkens en Henk Winters. It trio makke punk-rock mei new-wave ynfloeden. Letter kamen dêr funk-, reggae- en jazz-ynfloeden by. Henk Winters en Sytse Wilkens stoppen al wer gau mei de band en yn 1980 wie de gearstalling fan Okke Hel: Piter Wilkens (sang en basgitaar), Domien de Winter (gitaar en sang) en Rudolf Spijkerman (drums). Oare leden wienen Douwe van der Werff (gitaar, piano en sang), Gelske Bergsma (toetsen), Peter van der Wal (basgitaar) en Rein Feenstra (drums).

Yn 1984 hâlde de band der mei op, mar op it earste Aaipopfestival yn 1987 joech Okke Hel in reüny- en ôfskiekonsert. De band waard doe foarme troch: Danny Homan (toetsen), Ymkje bij de Ley (sang), Oene Wagenaar (trompet), Hans Wijnbergen (alt-saksofoan), Jelle Douma (perkusje), Rudolf Spijkerman (drums), Henk Postma (gitaar en sang), Syb Eppenga (gitaar) en Piter Wilkens (bas en sang).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]