Rjochtdei (De Jouwer)
Rjochtdei wie in histoarysk spektakel op De Jouwer. It begûn doe’t in tal frijwilligers fan Museum De Jouwer betocht om de skiednis rûnom de bou fan de Jouster Toer yn 1628 ta nij libben te bringen. Grytman Hobbe fan Baerdt lei op 8 augustus fan dat jier de earste stien fan de toer. De grytman bestjoerde yn dy tiid syn gritenij, en hie as foarsitter fan it ‘nedergerjocht’ ek in taak as rjochter. Yn de Jouster toer is in Rjochtkeamer dêr’t de grytman eartiids rjocht spruts.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2008 waard de earste Rjochtdei hâlden. Sa'n 350 frijwilligers rûnen yn 17e-iuwske klean. De grytman kaam fan syn hûs mei syn gefolch nei de tsjerke fan 'flekke' De Jouwer. Dêr waard in oanklacht foarlêzen, en beide partijen waarden heard. De grytman spruts nei ôfrin rjocht. Op de histoaryske dei yn it sintrum fan De Jouwer wie âlde sang, ambachten, muzyk en rjochtspraak te sjen en te hearren.[1] Skilders en tekeners wiene dwaande om de toer yn byld te bringen.[2] De rjochtssitting yn de Hobbe van Baerdttsjerke waard trije kear opfierd. Wylst yn de tsjerke de sittings wiene, wie bûten muzyk en waarden yn de Midstrjitte en op it terrein fan it Museum in soad acts opfierd. Ambachtsju en skilders toanden harren fakmanskip. Leafhawwers koene mei in pream nei Penninga’s Molen farre, of lieten harren takomst foarsizze troch de wiersister. [3]
Op 29 maaie 2012 waard de Rjochtdei foar de twadde kear holden. Neist de sjongende seelju wiene der ek preammen mei in shantykoar.[4]
Yn 2013 wie Hans Wiegel gastspiler. Hy kaam dy dei as foarsitter fan it Hof fan Fryslân om grytman Hobbe fan Baerdt by te stean. De rol fan dde grytman waard spile troch de âld-boargemaster fan Skarsterlân, Bert Kuiper.[5]
Peinje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de Rjochtdei waard in spesjale munt, de Jouster Sulver Gûne, útjûn. Op de twadde Rjochtdei bea Ambachtlik Fryslân it Museum De Jouwer in drinkhoarn oan, snien út de hoarn fan in ko. Yn it snijwurk binne it wapen fan De Jouwer en dat fan Hobbe fan Baerdt ferwurke. De iepening is bewurke mei siersulver en de punt hat in ikel fan sulver.[6] De weardeoantsjutting op de munt betsjut 'sulveren gûne', mar de munt sels is makke fan in koper-nikkel legearing [7]
Edukaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Museum De Jouwer hat om de toer in projekt makke foar it basisûnderwiis mei as titel 'De Jouster Toer en de rjochtspraak'. By de tabletrûte heart in rûnlieding yn de toer en ek de rjochtkeamer en it ‘hûnegat’ wurde besjoen.