Rixt fan It Oerd

Ut Wikipedy
Stânbyld fan Rixt fan It Oerd yn Bueren

Rixt fan It Oerd, Rixt fan Oerd of Ritskemooi, is it haadpersonaazje út in folksferhaal dat him ôfspilet op It Amelân.

De sêge[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ien ferzje fan it ferhaal oer Rixt fan It Oerd giet sa:

Rixt wenne op It Oerd yn it fiere easten fan It Amelân. Gjinien wist wêr't se wei kaam, se wenne yn in hutte makke fan wrakhout. Ien kear yn it jier kaam se yn it doarp, mar prate mei net ien. Se sammele wrakhout en socht om krûden yn de dúndellingen. Dêr broude de seeheks toverdrank fan. De minsken tochten dat Rixt mei de duvel opluts en dêrom mijden se har. Strânjutters en fiskers dy't dochs op It Oerd wêze moasten, seine earst gebeden op. Rixt siet faak ûnder har flearbeam en ruile wat fûn guod foar in âlde ko.

Se bûn in lampe om de nekke fan de ko en jage it bist de dunen oer. Skippers setten koers nei it ferriederlike ljocht en de skippen sloegen op it sân ta moster. De oare deis gie Rixt op syk nei it oanspielde guod en se biet sels opswollen fingers ôf om gouden ringen te bemachtigjen. Se hat sels oait skonken ôfkappe om in pear learzens te bemachtigjen, se drûge se by de skoarstien en de learzens glieden nei ferrin fan tiid fan 'e skonken ôf. Op in dei yn de hjerst liet Rixt in brik op it strân rinne. De oare moarns seach se de ûnbidige bút fan in soad sieraden. Doe seach se it lichem fan har soan Sjoerd, dy't jierren earder fan hûs rûn wie en dêr't se fan tocht dat er al lang lyn stoarn wie. Rixt foel dea del neist har soan en in grutte weach naam beide mei de see yn.

De ferfallen hutte hat der noch jierren stien en de knodzich âlde flier stie der noch langer. Der waarden tûken ôfsnien en dy planten de minsken yn eigen tún. Yn neijiersnachten kin men by eastewyn de stim fan Rixt dy't nei har soan Sjoerd ropt noch hearre.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste ferzje fan it ferhaal fan Rixt fan It Oerd ferskynde yn 1889 yn it tydskrift For hûs en hiem ûnder de titel Wylde Rixt fen 't Oerd. It ferhaal waard skreaun troch skoalmaster P.J. Braaksma (* 1863). Yn dizze foarm is it ferhaal letter bekend wurden yn de literatuer. Yn 1905 brocht er de sêge ek oer yn dichtfoarm. Mear as ien details by it Amelanner ferhaal, sa as it feit dat Rixt út Wierum komme soe, hat er sels betocht. Dochs hold Braaksma út dat er parten fan de sêge optekene hat út de mûle fan in âld Amelanner wyfke. Ek lâns de kusten fan de Noardsee en út Bretagne binne lyksoartige ferhalen bekend fan in âlder dy 't syn soan mei in lantearne ferdrinke lit. Ek op West-Skylge en Skiermûntseach wurdt it motyf fan it misliedend ljocht fûn, wêrby't lantearnen oan kowehoarnen hongen wêze soene om skippen fergean te litten.

D.A. Tamminga (1909-2002) en de Flaming Wies Moens (1898-1982) skreaune in ballade oer Rixt. Hja komt ek as haadpersonaazje foar yn lieten. Nei it opnimmen yn ûnderskate popularisearjende sêgebondels waard it ferhaal karakterisearre as dé Amelanner sêge. Earst doe eigenen ek de Amelanners sels har it ferhaal ta. Op it eilân wurdt Rixt tsjintwurdich in strânheks neamd, nei oanlieding fan de (skriftlike) oerlevering (sûnt 1934 wurdt it wyfke in heks neamd). Yn 1980 waard in stânbyld fan de hân fan Annet Haring yn Bueren pleatst.

Yn lânbou- en Juttersmuseum 'Swartwoude' yn Bueren wurdt it ferhaal troch (in pop fan) Rixt sels, en in ferteller, op bân ferteld. Yn Bueren binne byldsjes, bekers en fingerhuodsjes fan Rixt te keap. Yn 1995 waard Rixt, de Fryske opera fan Henk Alkema en Mark Valencia, opfierd.

De Flaamske skriuwer Koen D'haene brûkte de leginde fan Ritskemooi as ynspiraasjeboarne foar syn jeugdroman Gek van een eiland dy 't him ôfspilet op it Skylge. Yn dy roman binne mear legindes en folksferhalen fan de Fryske Waadeilannen ferwurke.

Frank Pollet, in Flaamske skriuwer fan poëzij en jongereinboeken, skreau oer Ritskemooi yn it filmke Een loopje met de tijd. Ek yn syn dichtbondel LaDiDa dûkt de leginde op.

Keunstner Luc ten Klooster presintearre yn 2019 (yn it ramt fan Keunstmoanne It Amelân) yn Lânbou- en Juttersmuseum 'Swartwoude' yn Bueren in grut foto- fideo- en teksteprojekt om de leginde hinne. Yn dat projekt brocht er gjin âlde heks, mar in jonge sensuele Rixt op it aljemint. Fan it projekt waard yn 2020 ek in foto- en tekstboekje útjûn Voetstappen in het zand.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Draken, volksverhalen uit kleurrijk Nederland/ W.L. Idema, 1991, ISBN 90-6069-719-7
  • Legenden langs de Noordzee/ S. Franke, 1934
  • Verhalen van stad en streek: Sagen en legenden in Nederland/ W. de Blécourt, R.A. Koman [et al.]. Bert Bakker 2010, s. 67-69.
  • Volksverhalen uit Noord- en Zuid-Nederland/ dr. Tjaard W.R. de Haan, 1979, ISBN 90-274-1009-7