Riniastate (Stiens)
De Riniastate is in state dy't benoarden Stiens stie yn de gemeente Ljouwerteradiel, oan de âlde dyk nei Hijum. Fan de state is neat werom te finen, ek al omdat der in dyk oerhinne rint.
De state is boud yn de 14e iuw. Om it stee dêr't de state stie rint no de rûnwei om Stiens. By de oanlis dêrfan yn 1962 binne oerbliuwsels fan de state fûn út ein 14e iuw. Neffens it stimkohier fan 1698 is Runia fan frou Doedt fan Holdinga en is Liuwe Piters de brûker. Twa jier letter is it yn hannen fan Gerben Pijters dy't dan “selfs gebruicker” is.
Ein 18e iuw wie it slot eigendom fan Hermannus Balk, lid van de froedskip fan de stêd Ljouwert. Hy wie ek eigener fan it bûten Mariënburch dat Maria Louise fan Hessen-Kassel sette litten hie. nei it ferstjerren fan Hermannus yn 1807 waard de state ferkocht foar 7.000 gûne en noch datselde jier ôfbrutsen. It koetshús en de feestâl waarden letter te keap oanbean en yn 1809 ek sloopt.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1698 Doedt fan Holdinga
- 1700 Gerben Pijters
- oant 1807 Hermannus Balk
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|