Rienk de Haan
Appearance
Rienk de Haan (Garyp, 7 juny 1943 - Burgum, 25 april 2018)[1] fan Burgum wie in Frysk taalkundige.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Haan wie ynearsten learaar basisûnderwiis en studearre Nederlânsk en Fryske taal- en letterkunde oan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert
Fan 1980 oant 2004 wurke er by de Fryske Akademy, dêr’t er ûnder oaren behelle wie by it betinken fan nije Fryske wurden foar offisjeel en wittenskiplik gebrûk. Fierder wie De Haan ien fan de redakteuren fan it twadielige Frysk Hânwurdboek dat yn 2009 útkaam.
Rienk de Haan hat ek jierrenlang meiwurke oan programma’s fan Omrop Fryslân. Sa hie er in taalrubryk yn it eardere radioprogramma De Middei fan programmamakker Gurbe Douwstra.
De Haan ferstoar hommels yn de âldens fan 74 jier.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wurdlist foar it offisjele ferkear (1986)
- Wat en Hoe Fries (1989)
- Mei freonlike groetnis (1995)
- Terminology fan 'e saakfakken (2000)
- Fryske Foarnammen (2004)
- Fries voor zelfstudie (2006)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|