Richard van Zwol

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Richard van Zwol (Amsterdam, 8 febrewaris 1965) is in Nederlânsk topamtner. Sûnt 1 july 2013 is hy sikretaris-generaal fan it ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes. Dyselde funksje hie er tusken 2007 en 2011 op it ministearje fan Algemiene Saken en tusken 2011 en 2013 op it ministearje fan Finânsjes.

Earder wie hy amtner op 'e ministearjes fan Finânsjes, Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en Algemiene Saken. Hy wie bygelyks sosjaal-ekonomysk en finansjeel riedsadviseur en riedsadviseur konstitúsjonele saken.