Springe nei ynhâld

Richard Hagemann

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Richard Hageman)
Richard Hagemann
keunstner
Richard Hagemann yn 1909
Richard Hagemann yn 1909
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
flagge fan de Feriene Steaten Amerikaansk
berne 9 july 1881
stoarn 6 maart 1966 (84 jier)
wurkpaad
wurksum as konsertpianist, dirigint, komponist, akteur.
medium Piano
bekendste
  wurk(en)
Muzyk by de films fan John Ford
jierren aktyf 1899 - 1954
prizen Academy Award
offisjele webside
(in) IMDb-profyl
Richard Hageman

Richard Hagemann (Ljouwert, 9 july 1881 - Beverly Hills, 6 maart 1966 Kalifornje, FS) wie in Nederlânske, letter Amerikaanske konsertpianist, dirigint en filmmuzykkomponist.

Hageman waard grutbrocht yn Ljouwert. Hy wie in soan fan Maurits Hageman fan Sutfen en Hester Westerhoven fan Amsterdam. Hy wie in wûnderbern dy't al mei seis jier konserten joech. Hy studearre yn Amsterdam en joech pianoles. As jongfeint begelate er sjongers en spile er by it Keninklik Operaselskip fan Amsterdam, dêr't er 1899 dirigint fan waard. In skoft hat er noch pianist fan Mathilde Marchesi yn Parys west.[1] Hy reizge 1906 nei de Feriene Steaten om Yvette Guilbert te beselskipjen op har nasjonale toernee. Hy bleau dêr en waard úteinlik Amerikaansk boarger.

Hagemann wie dirigint fan de Metropolitan Opera tusken 1914 en 1932, haad fan de ôfdieling opera oan it Curtis Ynstitút fan 1932 oant 1936 en sân jier regisseur muzyk by Chicago Civic Opera en de Ravinia Park Opera. Fierders wie er gastdirigint by orkesten sa as it Chicago Symphony Orchestra, Philadelphia Symphony Orchestra en Los Angeles Philharmonic. Fjouwer jier lang dirigearre er it Philadelphia Orchestra by har simmerkonserten en fan 1938 ôf dirigearre hy seis seizoenen de Hollywood Bowl-simmer konserten.
Hagemann is ferneamd yn de filmwrâld as akteur en komponist fan filmmuzyk, benammen fan syn wurk oan ferskate films fan John Ford út de letter jierren '30. Hy krige in dielde Academy Award foar syn bydrage oan Ford syn western Stagecoach út 1939. Fierders spile hy lytse rollen yn alve films, bygelyks de rol fan operadirigint yn The Great Caruso. Hy waard lid fan ASCAP yn 1950.

Hagemann komponearre ek earnstiger sjongmuzyk. De opera Caponsacchi, dy't foar it earst útfierd waard yn Freiburg yn 1932 ûnder de titel Tragödie in Arezzo, waard yn 1937 op de planken brocht troch de Metropolitan Opera[2] mei Lawrence Tibbett yn de titelrol.[3] Syn 'konsertdrama' The Crucible waard útfierd yn Los Angeles yn 1943.[4] Syn grutte komposysjes wurden hjoeddedei net folle mear spile, mar in stikmannich fan syn lieten binne ferneamd en wurde tige wurdearre, fral "Do Not Go, My Love", in op muzyk set gedicht fan Rabindranath Tagore.

Hageman wie Nasjonaal Patroan fan Delta Omicron, in ynternasjonaal bruorskip fan beropsmuzikanten.[5]

Yn 2014 waard it Richard Hageman Akwadukt iepene en yn 2016 waard in plakette oanbroch op syn bertehûs Sint Jacobsstraat 35 yn Ljouwert.[6]
Yn 2021 ferskynde in biografy fan de komponist, Richard Hageman. From Holland to Hollywood.

Grutte muzykstikken en keamermuzyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Toanielmuzyk:

  • Caponsacchi (Op. 3, R. Browning), 1931
  • I Hear America Call (oratoarium, R.V. Grossman), Bar, SATB, orch, 1942
  • The Crucible (oratoarium, B.C. Kennedy), 1943

Orkest:

  • Oevertuere In a Nutshell; suite, str

Keamermuzyk:

  • October Musings, fioele en piano, G. Schirmer, 1937
  • Recit and Romance, fioelkonsert, pf, 1961

allegear regisearre troch John Ford:

Hagemann hat tsientallen lieten komponearre.

  • Kathryn Kalinak, Nico de Villiers, Asing Walthaus, Richard Hageman. From Holland to Hollywood. Utjouwerij Peter Lang Publishing, 2021.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ingelsktalige Wikipedia, Richard Hagemann
  1. Miller and Meckna, Grove Music Online
  2. Miller and Meckna, Grove Music Online
  3. Wlaschin, s. 155
  4. Miller, New Grove Opera
  5. Delta Omicron
  6. Leeuwarder Courant 7 maart 2016