Springe nei ynhâld

Reichsannalen

Ut Wikipedy

De Reichsannalen (Dútsk foar Ryksannalen) binne in searje annalen dy't anonym opsteld binne yn it Karolingyske Ryk troch de njoggende iuw hinne. Hja ferskynden foar it earst ûnder Pepyn de Koarte yn 741. en waarden rûnombywêzich yn kleasters troch it gânse ryk hinne yn de folgjende iuw. Hja wiene gjin offisjele annalen fan it keninklik hof, mar se binne al mei klam op it iene of oare Karolingyske keninkryk beskreaun.

De Reichsannalen steane op harren sels ferlike mei eardere en lettere searjes fan annalen troch harren beskriuwing fan bûten nasjonaal barren ynstee fan allinne pleatslik barren. Hja beskreaun it gânse ryk. Hja wiene almeast opsteld yn kleasters, mar ferskille fan kleasterlike annalen, want dy lizze de klam op tsjerklike en pleatslike saken as dy fan it wiidweidige ryk. Guon skiedkundigen, lykas Leopold von Ranke (Zur Kritik fränkisch-deutscher Reichsannalisten. Berlyn, 1854) seagen al wat offisjeels yn de ferskate annalen waans keningen se beskreaune. De skriuwers fan de Reichsannalen jouwe mear omtinken oan bûtelânske en militêre saken, en polityk oan it keninklik hof ynstee fan de krappe blik fan de skriuwers fan de kleasterlike annalen.

De betiidste annalen binne de Keninklike Frankyske Annalen dy't fan 741 ôf skreaun waarden. Foar ynformaasje fan foar dy tiid, waard it Chronicon Universale (Monumenta Germaniae Historica: Scriptores, XIII, 1–19) opsteld yn 761. De Chronicon befettet ynformaasje fan Beda, Fredegar, Isidoarus fan Sevilla, de Liber Pontificalis, de Annales Mosellani, en de Annales Laureshamenses. Under Karel de Grutte namen de Reichsannalen rap yn oantal ta: de Annales Laurissenses minor (806), de Annales Maximiani (810-811) en de Annalen fan Flavigny (816) kamen ta stân.

De Annales Fuldenses, de bekendste fan allegear, ferskynden ûnder it regear fan Loadewyk de Fromme. Dy hawwe in pleatslik Eastfrankysk karakter, mar strekte lykwols ek wol út ta nasjonale saken. De skriuwer moast nei alle gedachten yn kontakt mei it hof west hawwe. Hja beskriuwe it tiidrek fan 711 oant 901 mei ynformaasje dy't brûkt waard fan de Annales Laurissenses minoris, de Keninklike Frankyske Annalen en de offisjele Annales Lithienses. Foar de Annales Fuldenses oer stean de Annales Bertiniani fan West-Frânsje, mei in mear objektyf karakter. Hja foarmje de boarne fan de Chronicon de gestis Normannorum yn it Frankyske Ryk. Yn Loataringen ferskynden de Annales Vedastini en foarmje de grûn fan de Chronicum Vedastinum, in algemiene kronyk fan oant 899.

Yn de tsiende iuw hold men satdichoan op mei it skriuwen fan de Reichsannalen. Flodoardus fan Reims, dy't fan 919 oant 966 skreau, wie dêrop in útsûndering.