Monumenta Germaniae Historica
De Monumenta Germaniae Historica (gauris ôfkoarte ta MGH yn bibliografyen en boarnelisten) is in mânske searje sekuer bewurke en útbrochte boarnen foar it ûndersyk fan de skiednis fan Dútslân yn brede sin fan de ein fan it Romeinske Ryk ôf oant 1500.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De MGH waard yn 1819 troch de Prusyske herfoarmer Heinrich Karl Freiherr vom Stein yn Hannover stifte, en it earste ynhâld waard yn 1826 útjûn. De redakteur fan 1826 oant 1874 wie Georg Henrich Pertz, dy't wer opfolge waard troch Georg Waitz. In soad foaroansteande kundigen fan de Midsiuwen út Dútslân en by eintsjebeslút ek út oare lannen, hawwe harren by it projekt oansletten, dêryn't manuskripten útsocht en ferlike waarden, en útsochte útjeften útjûn. It biedwurd dat keazen waard, wie: Sanctus amor patriae dat animum ("Hillige leafde foar it heitelân jout de geast") lit sjen dat Romantyk en nasjonalisme as grûnwurk steane fan it ynstitút dat as boechbyld tsjinne foar it Dútske wittenskiplik skiedskriuwen.
De samlingen besteane út fiif haadstikken: Antiquates, Diplomata, Epistolae, Leges, Scriptores, en ek Necrologia. Der waarden noch in stikmannige stypjende searjes útbrocht, mei ynbegrepen in searje mei kompakt ynhâld foar it skoalgebrûk (Scriptores rerum Germanicum in usum scholarum separatim editi) en spesjale ûndersiken (MGH-skriften).
It projekt, dat in wiidweidich ûndernimmen yn 'e skiedkunde is, wurdt fuortsetten yn de 21e iuw. Yn 2004 hat de MGH, mei stipe fan de Deutsche Forschungsgemeinschaft al syn públikaasjes, fan mear as fiif jier âld, ta beskikking steld, yn foto-digitale foarm, op de webstee fan de MGH.
It ynstitút Monumenta Germaniae Historica hat sûnt 1949 syn sit yn München en beskikt oer in grutte spesialissearre bibleteek oer de midsiuwske skiednis fan Dútslân en Jeropa, mei de tsjerkeskiednis ynbegrepen, mei likernôch 130.000 monografyen en sa'n 150.000 besibbe skriften[1].
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |