Springe nei ynhâld

Kroniken fan Fredegar

Ut Wikipedy
Side út de Kroniken fan Fredegar

De Kroniken fan Fredegar is in kronyk dy't ferhellet oer de skiednis fan it Frankyske Galje fan 584 oant 641 en is gearstald troch de gelearde Fredegar. Letter hawwe oare skriuwers de kronyk útwreide mei nije foarfallen oant de kroaning fan Karel de Grutte en syn broer Karloman op 9 oktober 768.

It wurk is mei de "decem Libri Historiarum" fan Gregorius fan Tours en de Neustryske kronyk, it "Liber Historiae Francorum", de wichtichste boarne fan de skiednis fan Frankysk Galje. Mei elkoar jouwe de skriften benei in folsleine skiednis fan de ein fan de Romeinske oerhearsking ôf oant de tiid fan de Karolingers, in tiidrek dat trije iuwen beslacht.

De mieningen oer de wize fan ûntstean fan de kronyk ferskille. Oant en mei ein 19e iuw waard tocht dat de kronyk troch ien persoan skreaun wie. Bruno Krusch kaam mei de teory dat mear as ien persoan oan de kronyk wurke hienen. Yn syn bydrage foar it tydskrift Monumenta Germaniae Historica út 1883 brocht hy it idee fan trije skriuwers nei foaren. Dy teory waard letter akseptearre troch histoarisy as Theodor Mommsen, Wilhelm Levison, en Wallace-Hadrill. Ferdinand Lot lykwols kritisearre de teory fan Krusch en dy fan meardere skriuwers; syn beswieren waarden stipe yn 1928 troch Marcel Bardot en Leon Levillain. Neffens S. Hellman yn 1934 wie de kronyk it wurk fan mar twa skriuwers.

Fan Fredegar wurdt meastentiids tocht dat er in Boergonjer wie út de omkriten fan Avenches. Dat is basearre op syn kennis fan de alternative naam Wifflisburg foar dat stee, in namme dy't allinnich troch insiders brûke waard. Dat wurdt noch ris befêstige troch it feit dat er in grut part fan de Boergondyske tsjerken de annalen ynsjen koe. Hy hie ek tagong ta rjochterlike dokuminten en koe blykber Longobardyske, Fisigoatyske en Slavyske ambassadeurs ûnderfreegje. Fierders hie hy in goed fiel fan wat der allegearre foarfoel yn it Byzantynske Ryk. Dat lêste wurdt faak ferkleare omdat Boergonje oan it Byzantyske Itaalje grinzge.

Fredegar libbe noch om 660 hinne, mar de kronyk giet lykwols net fierder as it jier 641. Oaren hawwe de kronyk útwreide en oanfolle mei nije feiten dy't trochrinne oant it jier 768.

In oare side fan Kroniken fan Fredegar

De Kronyk fan Fredegar is yn min Latyn skreaun en oerlevere yn 38 hânskriften, dêr't it âldste eksimplaar fan fermoedlik skreaun is om-ende-by it jier 700 yn Metz. De ferdieling fan de seis kroniken yn fjouwer boeken en ferskillende haadstikken is pas letter ta stân kaam.

In grut part fan de eigentlike Kronyk is benammen ûntliend oan fiif eardere wurken: Liber Conversationis fan Hippolytus; de Kronyk fan Hydatius; de Kronyk fan Eusebius yn de oersetting fan Hieronymus, de skriften fan Isidorus fan Sevilla en Gregorius fan Tours syn útjefte fan de Historiae.

Oan de kompilaasje en bewurking fan foarneamde boeken hat Fredegar, útsein in eigen ynterpellaasje en tafoegings, en, hiel opmerklik, twa gronologyen tafoege: in list mei pausen oant Theodore en in orizjinele en tige ynfloedrike genealogy fan de Frankyske keningen, dy't werom giet oant de helden fan Troaje.

Fredegar hat him yn de beskriuwing fan de skiednis benammen rjochte op hearskers dêr't hy yn wiisde op harren swakke punten en de oerdriuwing betiden net mijde. Allyksa joech er omtinken oan de ynfloed fan froulju op it ryksbestjoer. Neffens him hawwe de froulju meastentiids in kwealike ynfloed útoefene. Fierders befettet syn kronyk ien fan de ierste fernijings oer Arabyske oermasteringen yn Jeropa en beskriuwt it de relaasje fan it Frankyske Ryk mei de lannen fan Sintraal-en East-Jeropa. Ek wurdt der foar it earst grute fan it Slavyske Samoryk.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]