Springe nei ynhâld

Reactor (tydskrift)

Ut Wikipedy
Reactor
algemiene ynformaasje
hist. nammeTor.com
nasjonaliteit Amerikaansk
taalIngelsk
sjenrescience fiction en fantasy
frekwinsje1x yn 'e moanne
bestean2008 – no
plak haadred.New York (New York)
útjouwerTor Books
oplaachn.f.t. (online-tydskrift)
tal abonneesn.f.t. (fergees lêsber)
offisjele webside
reactormag.com

Reactor, foarhinne Tor.com, is Amerikaansk online-tydskrift op it mêd fan science fiction en fantasy, dat ienris yn 'e moanne ferskynd. It is in útjefte fan 'e útjouwerij Tor Books. Reactor hat gjin papierrene ferzje, en kin fergees lêzen wurde.

Reactor waard yn july 2008 oprjochte as Tor.com, en hie yn 2014 eltse moanne trochinoar 1,5 miljoen lêzers. Yn it blêd ferskine artikels en resinsjes oer science fiction en oare foarmen fan spekulative fiksje. Dêropta wurde yn it tydskrift ek nije koarte ferhalen publisearre, benammen fan science fiction.

Yn 2014 omskreau de Britske krante The Guardian Tor.com as "de regearjend kampioen fan 'e science fiction-tydskriften". Dy bewearing waard ûnderboud troch û.o. de fermelding dat yn it blêd nij wurk publisearre wie fan "in protte fan 'e nije talinten dy't de measte opwining feroarsaakje," lykas Maria Dahvana Headley en Karin Tidbeck.

Op 23 jannewaris 2024 waard Tor.com omneamd ta Reactor.

Sûnt maaie 2014 wie Tor.com ek in ymprint fan Tor Books, dy't brûkt waard om koarte fiksje ûnder út te jaan, lykas novellen, koarte romans, ferhalebondels en blomlêzings.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.