Springe nei ynhâld

Rock of Cashel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Rûne Toer (Rock of Cashel))

De Rock of Cashel (Iersk: Carraig Phádraig), ek bekend ûnder de nammen Cashel of the Kings en St. Patrick's Rock, is in histoarysk plak yn Cashel yn it greefskip Tipperary, Ierlân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de lokale mytology is de rots ôfkomstich fan 'e Devil's Bit, in berch 30 kilometer fierder noardlik. Doe't Sint-Patrick de duvel út in grot ferballe gyng dat mank mei sa'n geweld, dat in diel fan 'e berch yn Cashel telâne kaam.

Cashel is it plak dêr't de kening fan Munster yn 'e 5e iuw troch de hillige Patrick him ta it kristendom bekearde. Iuwenlang wie de rots de sit fan 'e keningen fan Munster, ear't de Normandyske ynvaazje plak fûn. Yn 1001 joech kening Muirchertach syn fêsting op 'e rots oan 'e Tsjerke. It kompleks is ien fan 'e meast opmerklike samlings fan Keltyske keunst en midsiuwske arsjitektuer fan Jeropa. Fan 'e oarspronklike bouwurken bleaune wat resten bewarre; it grutste part fan wat der hjoeddedei stiet datearret út de 12e en 13e iuw.

Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rûne toer en diel fan de katedraal
Fresko's yn de kapel fan Cormac
Hall of the Vicar's Choral

Rûne toer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It âldste en heechtste gebou is de 28 meter hege toer, dy't goed bewarre bleaun is en út likernôch 1100 stamt. De yngong leit 3,7 meter boppe de grûn, nedich fanwegen it ûndjippe fûnemint fan de toer sa't dat by de Ierske rûne tuorren wênst is. De toer waard doedestiids mei de saneamde 'drûge stien-metoade' boud. Foar de feiligens binne dielen fan 'e toer troch konservators tsjintwurdich mei mortel folle.

Cormac's Chapel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Cormac's Chapel, de kapel fan kening Cormac Mac Carthaigh, waard yn 1127 boud en konsekrearre yn 1134. It is in foar dy tiid modern bouwurk mei wulvige plafonds en brede bôgen dy't oansletten by de Jeropeeske arsjitektuer en unike lânseigen eleminten. De út Ierlân ôfkomstige abt fan Regensburg stjoerde twa fan syn ambachslju om te helpen mei it wurk en de twillingtuorren oan wjerskanten fan 'e krusing fan it skip en it koer ferriede Dútske ynfloeden, dy't fierder net yn Ierlân foarkomme. Oare opfallende eigenskippen fan 'e kapel binne de bôgen, it tonferwulft, it timpaan boppe de beide portalen, it noardlike portaal en de koerbôge. Yn 'e kapel binne de bêste bewarre Ierske fresko's út dy tiid te sjen. De kapel waard fan sânstien boud, mar troch de iuwen hinne liet de stien wetter troch, sadat de fresko's skeind waarden. Foar it behâld derfan waard de kapel folslein ynsletten wurde troch in wetterticht omklaaisel en de stien ferfolgens útdrûge.

De katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De goatyske katedraal waard tusken 1235 en 1270 boud en is in ienskippich bouwurk yn krúsfoarm mei in sintrale toer. Oan 'e westlike kant fan 'e katedraal stiet it massive kasteel. De Hall of the Vicars Choral waard yn 'e 15e iuw boud. It koer bestie út leken (somtiden ek geastliken) dy't mei harren sang de tsjerketsjinsten glâns joegen. Yn 1975 waard de Hall restaurearre en tsjintwurdich leit hjir foar de toeristen de tagong nei it kompleks.

Keltysk heechkrús

Yn 1647, yn 'e tiid fan 'e Ierske konfederaasjekrigen, waard Cashel under Murrough O'Brien troch Ingelske troepen plondere. De Ierske konfederaasjetroepen waarden útmoarde, krekt as de roomsk-katolike geastlikheid. By de plondering gyngen tal fan religieuze keunstwurken ferlern.

Yn 1749 waard it dak fan 'e katedraal yn opdracht fan 'e Anglikaanske aartsbiskop fan Cashel, Arthur Price, ferwidere. It ferwiderjen fan it dak, dat ien fan de moaiste fan de Ierske tsjerken wie, waard doe en ek letter swier bekritisearre.

Wat no oer is fan 'e Rock of Cashel is in toeristyske attraksje woarn. Keninginne Elizabeth II besocht de Rock of Cashel by har offisjele besite oan Ierlân yn 2011.

Muorre en tsjerkhôf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kompleks en it tsjerkhôf is mei in muorre ôffrede. Om 'e gebouwen hinne steane in grut tal krusen. Ien fan 'e grutste en meast ferneamde krusen is it saneamde Scully's Cross. Yn 1976 waard it krús fernield troch de bliksem. De resten fan it boppenste diel fan it krús lizze oan 'e foet fan it krús njonken de muorre.

Omjouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Deunby de Rock of Cashel steane de ruïnes fan Hore Abbey, in sistersjinzersk kleaster út de 13e iuw..

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]