Keltysk heechkrús

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Heechkrús by it kleaster Monasterboice by Drogheda, Ierlân.

In Keltysk heechkrús of in steand krús (Iersk: cros ard / ardchros, Skotsk-gaelysk: crois àrd / àrd-chrois, Welsk: croes uchel / croes eglwysig) is in frijsteand kristlik monumint fan stien, dat wol sizze in latynsk krús mei in sirkel om it snijpunt hinne. It is fakentiden ryk dekorearre en benammen foar Ierlân binne it nasjonale symboalen.

It wie yn de iere midsiuwen in tradysje yn Ierlân en op de Britske eilannen om grutte, út stien houde krusen op te rjochtsjen, meastentiids bûten. Nei alle gedachten ûntwikkele de tradysje him út âldere tradysjes fan hout, miskien mei tafoegings fan metaal, en âldere Keltyske stiennen monuminten út de tiid fan it heidendom. Ek de Piktyske stienmonuminten út Skotlân kinne de foarm beynfloede ha. De âldst bewarre eksimplaren lykje te kommen út it gebiet fan it Angelsaksyske keninkryk Noardumbrje, dat ta it kristendom bekeard wie troch Ierkse misjonarissen. It bliuwt lykwols in iepen fraach oft de foarm earst yn Ierlân of yn Brittanje waard ûntwikkele.

De earste krusen wiene likernôch twa meter heech, mar yn Ierlân binne lettere foarbylden bekend fan trijeris sa heech, dy't massyf wiene sa't grutte oerflakken ûnstiene om se te bewurkjen mei reliëfs. Angelsaksyske foarbylden bleaune relatyf slanker, mar koene ek heech wêze. Utsein de krusen út de Noardumbryske tiid binne dy krusen faker mei geometryske patroanen fersierd dan mei figurative foarstellings. De krusen hawwe meastentiids in stiennen ring om it krúspunt, in kenmerk fan it Keltyske kristendom, dat mooglik syn oarsprong hat op Iona. De namme "high cross" wurdt benammen brûkt yn Ierlân en Skotlân, mar de tradysje yn hiel Brittanje en Ierlân is deselde tradysje, ek al binne der regionale ferskillen.

Guon krusen waarden oprjocht bûten tsjerken en kleasters, oare krusen op grinzen of plakken dêr't wegen byinoar kamen of dêr't noch in tsjerke boud wurde soe. Yn de 19e iuw libbe it gebrûk wer op en waarden de krusen foaral populêr as grêfstien of om eat te betinken. Oars as de Ierske orizjinelen binne dizze krusen fakentiden net dekorearre mei figueren.

Skandinaavje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tradysje fan it delsetten fan hege krusen begûn yn in tiid dat Noarske kolonisten harren op de Britske eilannen nei wenjen setten en kennis makken mei in kristlike kultuer. Inkelde krusen binne ek yn Sweden ûntdutsen (Granhammar, Närke) en tsjûgje fan de ingelske missy yn Sweden. Yn Noarwegen fûn de tradysje mear trochgong en dêr binne likenôch 60 stiennen krusen bekend. Fan fjouwer fan dy 60 is fanwegen de oanwêzigens fan runen mei wissichheid fêststeld dat se út de tiid fan de Wytsings stamme. In soad krusen binne nei alle gedachten doedestiids op heidenske grêffjilden set, doe't de famylje har dope liet. Letter kamen de krusen op in tsjerkhôf telâne.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]