Rökefloose

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Rökefloose
Rökefloose logo.png
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of Germany.svg Dútsk
type org. feriening
wurkmêd Noardfryske taal en kultuer
haadkertier Bredstedt (Sleeswyk-Holstein)
off. taal Noardfrysk
oprjochte 1983
offisjele webside
www.roekefloose.de

Rökefloose is in jongereinorganisaasje fan 'e Noardfryske minderheid yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. It haadkertier is fêstige yn Bredstedt (Noardfrysk: Bräist). De namme betsjut "Roekeswaarm" of "Roekeflecht", fan rök, "roek" en floose, "swaarm" of "flecht". Neffens de útlis op 'e webside fan 'e organisaasje sels soe de roek in hillige fûgel west hawwe yn it Fryske heidendom. De oantsjutting "swaarm" ferwiist nei de leden fan 'e feriening.

Rökefloose waard yn 1983 oprjochte mei as doel om it sprekken fan 'e Noardfryske taal ûnder de Noardfryske bern en jongerein te befoarderjen. Om't mar in lyts diel fan 'e befolking fan Noard-Fryslân (sa'n 6,5%) noch Noardfrysk sprekt, is it net sa foar de hân lizzend dat bern en jongerein yn har eigen fermidden omgeane mei leeftydsgenoaten dy't ek Noardfrysktalich binne. Rökefloose wol dêrom in ramt biede wêrbinnen oft it wol gewoan is om Noardfrysk te praten.

Dêrta organisearret de feriening sporteveneminten, kulturele aktiviteiten, reizen, útstapkes, feesten ensfh. Yn prinsipe is it Noardfrysk dêrby de fiertaal. Rökefloose ûnderhâldt ek kontakt mei soartgelikense jongereinorganisaasjes yn oare minderheidstaalgebieten yn 'e Jeropeeske Uny, wêrmei't útwikselingsprojekten plakfine. Yn Noard-Fryslân sels wurket Rökefloose nau gear mei de Friisk Foriining, dy't de nasjonalistyske streaming binnen de Noardfryske minderheid fertsjintwurdiget.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: