Protestantske tsjerke fan Ryptsjerk

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Prot. tsjerke fan Ryptsjerk
Protestânske tsjerke fan Ryptsjerk.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Tytsjerksteradiel flag.svg Tytsjerksteradiel
plak Ryptsjerk wapen.svg Ryptsjerk
adres Slachtedyk 1
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1750
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 35677
oare ynformaasje
webside Side Prot. tsjerke Ryptsjerk

De Protestantske tsjerke fan Ryptsjerk is de eardere herfoarme tsjerke en sûnt de gearfoeging fan de herfoarme, grifformearde en luterske tsjerken yn 2004 it godshûs fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân yn Ryptsjerk.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel fan Bakker en Timmerman

De tsjerke waard om it jier 1750 hinne as in ienfâldige sealtsjerke mei in trijesidich koer boud. Foar dy tiid stie der in âlder tsjerkje by it eardere slúske, op it plak dêr't de Easterdyk op de Slachtedyk útkomt.

De ôfskieding yn 1834 en de doleânsje yn 1886 krigen yn Ryptsjerk net in soad oanhingers, nei alle gedachten om't de gemeente rjochtsinnich genôch wie. Nei de doleânsje tsjerkten de grifformearden ynearsten yn Oentsjerk. Letter, doe't ek Hurdegaryp yn 1959 in grifformearde tsjerke krige, sluten de Ryptsjerker grifformearden harren by Hurdegaryp oan.

Yn de tsjerke steane in preekstoel, in doophek en fjouwer hearebanken út de 18e iuw.

Klok[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de toer hinget in klok út de tiid fan foar de reformaasje, dy't getten waard yn 1546. Op de klok steane de reliëfs fan Simson yn gefjocht mei de liuw en syn Filistynske frou Delila mei in spear. De 598 kg. swiere klok waard yn 1943 troch de besetters út de toer weihelle, mar waard net omsmolten en kaam letter werom yn de tsjerketoer.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel fan de tsjerke waard yn 1891 troch de Ljouwert oargelmakkerij Bakker & Timmenga boud.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Side fan de Protestantske tsjerke fan Ryptsjerk

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: