Protestantske Tsjerke (It Heidenskip)
Protestantske Tsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | It Heidenskip | |
adres | Brânburren 18 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1886 | |
boustyl | Eklektisisme | |
offisjele webside | ||
PKN-gemeente It Heidenskip |
De Protestantske Tsjerke oan de Brânburren is de tsjerke fan de PKN-gemeente yn It Heidenskip.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard yn 1886 boud foar de herfoarme gemeente. It is in ienfâldige sealtsjerke mei in dwersskip en in lytse dakruter boppe de gevel. De konsistoarje achter de tsjerke is in tafoeging út 1913.
Oarspronklik wie de gemeente oansletten by de herfoarme gemeenten fan Aldegea-Kolderwâlde en Nijegea-Ealahuzen oan de oare kant fan De Fluezen. De komst fan konkurrinsje yn de foarm fan in baptistegemeente soarge yn it lêste fearn fan de 19e iuw foar grutte opskuor ûnder sawol herfoarme as katolike bewenners. Om ledenferlies tefoarren te kommen besletten de herfoarmen in oerset yn te setten om it de leden makliker te meitsjen de sneinske tsjinsten yn Nijegea by te wenjen.
Net folle letter waard yn 1886 yn in pear moanne tiid in eigen herfoarme tsjerke boud, dy't yn desimber fan dat jier yn gebrûk nommen waard. Yn 1902 waard de gemeente by Warkum foege.
De herfoarmen fan It Heidenskip giene yn 1980 by de grifformearde gemeente. De grifformearde tsjerke waard neitiid ferkocht en ferboud ta wenhûs. Sûnt 2004 is It Heidenskip in selsstannige protestanske gemeente.
Yn 2003 folge in restauraasje fan de tsjerke. [1]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke hat in Bakker & Timmenga-oargel út 1909-1910. Restauraasjes fan it ynstrumint folgen yn 1946 en 2012, wylst it ynstrumint yn 1959 fan in elektryske wynmasjine foarsjoen waard. De disposysje is sûnt de bou net mear feroare.[2]
"Ons Eeuwig Belang"
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De feriening "Ons Eeuwig Belang" dy't yn 1886 oprjochte waard, mei as doel it bouwen fan de tsjerke yn It Heidenskip, waard, neidat de tsjerke in helptsjerke fan de Herfoarme tsjerke fan Warkum waard, opheft.
Op 24 desimber 2022 ferskynde it tsjerkeblêd "Ons Kerkblad" foar it lêst. Yn dit krantsje stie it nijs yn fan in groep Protestantske gemeenten yn de súdwesthoeke fan Fryslân. Om kontakt mei de leden fan de tsjerke te hâlden, waard yn It Heidenskip as ferfanger in digitaal tsjerkeblêd oprjochte. It krige de âlde namme "Ons Eeuwig Belang".
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|