Priya Price

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Priya Price
Priya Price.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Prya Price
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 29 april 1992
berteplak Albuquerque (Nij-Meksiko)
etnisiteit Flag of Mexico.svg Meksikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2015 – no
offisjele webside
gjint

Priya Price, echte namme ûnbekend (Albuquerque (Nij-Meksiko), 29 april 1992), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Meksikaansk etnysk komôf. Har artystenamme wurdt ek wol misstavere as Prya Price. Hja sette yn 2015 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Priya Price waard yn 1992 berne yn Albuquerque, yn 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko. Hja makke yn 2015 mei 23 jier har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn in fyftjintal pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as New Sensations en Girlfriends Films. Se hat lykwols mear yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Brazzers, Naughty America en PornPros. Price wurdt fertsjintwurdige troch it ympressariaat Hussie Models LLC fan Riley Reynolds, dat fêstige is yn North Miami Beach, yn Floarida.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Priya Price is in Latina, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 57 kg, en kupmaat 36DD, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Hja hat in tatoeaazje mei û.m. it sinnesymboal út 'e flagge fan Nij-Meksiko op 'e foarside fan har lofterheup. Ofsjoen fan 'e gatsjes troch har earlellen hat se gjin piercings.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: